Afrika
From Wikipedy
Afrika is in wrâlddiel en hjirmei wurdt it gebiet rekkene tusken:
- yn it noarden Middellânske See, as grins mei Jeropa
- yn it noardeasten de Lângente fan Suez, as grins mei Aazje
- yn it easten en súden de Yndiske Oseaan
- yn it westen de Atlantiske Oseaan
Afrika wie yn de Aldhied earst foarbehâlden oan it gebiet fan it hjoeddeiske Tuneezje. Letter waard de hiele kuststrook Afrika neamd en yn de tiid fan de ûntdekkingsreizen waard it hiele wrâlddiel hjirmei oantsjutten. It kontinent telde yn 2000 ûngefear 795 miljoen ynwenners. Frijwol hiel Afrika heart ta de Tredde Wrâld. Sommige minsken rekkenje it hiele kontinint hjir ta, oare allinche de lannen ten súden fan de Sahara, mei útsondering fan Súd-Afrika.
De namme Afrika soe ûntliend wêze oan it Foenisyske wurd afrid. Mar oaren stelle dat de namme Afrika te werom te bringen is tot de Amazighyske goadinne ifri (wat grot betsjut). Dizze godin waard letter troch de Romeinen oernaam.
[bewurkje seksje] Lannen
Der lizze 54 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Afrika:
- Algerije
- Angoala
- Benyn
- Botswana
- Bûrkina Faso
- Bûrûndy
- Dzjibûty
- Egypte
- Ekwatoriaal-Guinee
- Eritrea
- Etioopje
- Gabon
- Gambia
- Gana
- Guinee
- Guinee-Bissau
- Ivoarkust
- Kaapverdje
- Kameroen
- Kenya
- De Kongo
- Komoaren
- Lesoto
- Libearia
- Lybje
- Madagaskar
- Malawy
- Maly
- Marokko
- Mauritaanje
- Mauritsius
- Mozambyk
- Namybje
- Nigearia
- Niger
- Rûanda
- Saïre
- Sambia
- Sao Tomee en Prinsyp
- Senegal
- De Seysjellen
- Sierra Leöane
- Simbabwe
- Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Somaalje
- Spanje
- Súd-Afrika
- Sûdan
- Swazilân
- Tanzania
- Togo
- Tsjaad
- Tuneezje
- Uganda