Aldeberkeap
From Wikipedy
.
Aldeberkeap of Berkeap (Nederlânsk: Oldeberkoop, Stellingwerfsk: Berkoop) is in brinkdoarp yn de gemeente Eaststellingwerf, by it krúspunt fan de N351 mei de N353. It doarp hat 1.550 ynwenners (1 jannewaris 2006). It doarp leit yn it lân fan de Tsjonger en de Linde.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast-Fryslan. It doarp wurdt al yn 1228 neamd yn geskriften as de Fryske striders by Brokope' byelkoar komme om Drinte binnen te fallen. Yn 1593 wurdt de Bekhofskâns oan de Linde boud. Aldeberkeap is op dat stuit in strategysk plak om't de Linde in ferdigeningsliny foarmet tsjin de Spanjoalen dy't yn dy tiid Hollân en Fryslân probearje te ûnderwerpen. In part fan de skâns is noch altiid te bewûnderjen en wurdt op dit stuit yn âlde eare hersteld. Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn 't doarp, in kanon dat yn 1979 fûn waard en skonken is oan de gemeente. Dy hat troch it wapenmuseum fan Delft in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn 't doarp setten.
Yn 1812 waard Aldeberkeap it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy status hat it hâlden oant 1855, doe't Easterwâlde, krekt as tsjinwurdich, it haadplak waard.
[bewurkje seksje] Gebouwen
Ien fan de gesichtspunten fan Berkeap is de Bonifatiustsjerke. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it doarp. It gebou is sa'n 800 jier ferlyn boud en bestie doedestiids hielendal út tufstien. De tsjerke is boud yn de Romaanske styl. In pear ieuwen letter waard de tsjerke útwreide nei it easten ta. Dit barde yn de gotyske styl. De toer fan de tsjerke is yn 1583 troch de Spanjerts ta ynstoarten brocht. De tsjerke hat om 1600 hinne op 'e nij in toer krigen, mar dy is lytser as de oarspronklike toer.
Fjirder falle de twa lânhûzen 'Vredewoud' en 'Lunia' yn it doarp op. De hûzen wienen oarspronklik eigendom fan de famylje Willinge Prins. Ek it eardere grietenijhûs 'De Zwaan' is in opfallend gebou yn it doarp. Tusken 1812 en 1855, doe’t Berkeap it haadplak fan de gemeente wie, kaam hjir it gemeentebestjoer byelkoar.
Oare opfallende plakken binne 'It Wapen fan Eaststellingwerf' en de haven 'De Uutwiek'.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings
- www.oldeberkoop.nl (nl)
- www.oldeberkoop.nu (nl) (en)