Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Aldeleie - Wikipedy

Aldeleie

From Wikipedy

de himrik fan Aldeleie
de himrik fan Aldeleie

Aldeleie is in doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel. It doarp bestie al yn de Midsieuwen, mar is earst yn 1985 in doarp wurden. Dêrfoar foel it ûnder trije gemeenten en wie in part fan Feinsum, Hallum en Froubuorren. Op 1 jannewaris 1974 waard it part yn Ljouwerteradiel in doarp, op 1 jannewaris 1975 it part yn Ferwerderadiel. It part yn it Bilt bleau buorskip oant by de gemeentlike weryndieling fan 1984 gâns Aldeleie in doarp fan Ljouwerteradiel waard. It hat no 272 ynwenners (2004).

 Sa seach Aldeleie der tusken 1930 en 1940 fan út de loft út.
Sa seach Aldeleie der tusken 1930 en 1940 fan út de loft út.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De namme

De namme Aldeleie sil ôflaat wêze fan it wurd leije dat wetterin betsjut. In feart wurdt no noch De Slinke neamd. In slinke wie in wetterin dy’t as yn ynham fan de see oantsjutten waard.

[bewurkje seksje] Aldeleie as doarp

De flagge: oantinken oan alear.
De flagge: oantinken oan alear.

Aldeleie is foaral op Froubuorren rjochte. De bern gean dêr nei skoalle en de Aldeleisters binnen meastentiids ek lid fan ferienigings dêr.

Aldeleie hat ek in eigen doarpsflagge. Trije banen, rea, giel en blau. Dizze flagge is al opnaam yn it Flaggeboek Hesman, likernôch 1702, en is op 'e nij oannaam yn 2001.

[bewurkje seksje] De skiednis

Aldeleie is ûntstien by de Aldeleistersyl, in slûs dy’t oanlein wie foar de ôfwettering fan Eastergoa. Al gau krige de syl ek in funksje as foarhaven fan Ljouwert. De hannelsstêd Ljouwert hie gjin ferbining mei de see. De ferbining rûn oer de Dokkumer Ie. Mei it ûnderhâld fan de Ie hat it lykwols lang problematysk west. De oanlizzende doarpen moasten de Ie befarber hâlde. Mar dy hienen dêr sels gjin belang by, en wienen al tefreden as se it oertallich wetter mar op de Ie kwyt koenen. Ljouwert socht dêrom nei alternativen en ien dêrfan wienen de Hijumer en Feinsumer fearten. De Hijumerfeart kaam as grinsfeart by de syl út. De Feinsumerfeart krige in oansluting. Aldeleie waard sa seehaven. De Saksyske hartoggen hawwe sels der noch in dûanepost hân. Mei de ynpoldering fan it Bilt waard it belang fan de slûs ek minder. Der is noch besocht om in ferbining te meitsjen mei de, doe nije, slûs yn Aldebiltsyl. Dy is der kommen, mar foar de skipfeart hat dy noait wichtich west. Yn ‘e rin fan de tiid is de slûs dan ek ferfallen.

[bewurkje seksje] Aldeleie as nimmenslân

De trije gritenijen dêr’t Aldeleie ûnder foel beskôgen it as nimmenslân. It waard in plak foar sa’n sân, acht doarpen om earme arbeiders, widdo's en wezen hinne te stjoeren. Bakker J.S. van de Steegh beskreau it earmhûs en de bewenners fan Aldeleie as ’triennebuorren’. Allinne yn de maitiid en de simmer soarge de wjuddersbaas foar wurk om it lân foar de boeren túchfrij te hâlden. Op sneontejûn waard it swierfertsjinne lean dan yn de fjouwer oant fiif kroegen fan Aldeleie fersûpt. Jûns kamen der dan plysjes om der op ta sjen dat it op net moardzjen útrûn. Aldeleie krige sa de bynamme ‘Sodom’. De doarpen deromhinne dienen eins neat om dêr ferbettering yn oan te bringen. Ek de tsjerken lieten it ôfwitte.

[bewurkje seksje] De eardere tsjerken

[bewurkje seksje] De frije-evangelyske gemeente

 Op dizze âlde foto stiet de Frije-Evangelyske Tsjerke noch.
Op dizze âlde foto stiet de Frije-Evangelyske Tsjerke noch.

De fertutearze Leisters hawwe yn 1875 it inisjatyf nommen om dan sels mar in tsjerklike mienskip op te rjochtsjen. As earste dûmny waard Marinus Mooij beroppen. Mooij wie in foar dy tiid in goed traktemint fan 500 gûne tasein. Doe’t er kaam die lykwols bliken dat de tritich húshâldings net mear as 50 gûne opbringe koenen. Mooij bleau en waard in omreizgjend evangelisaasjedûmny. Hy sammele in tal jongerein om him hinne en as de ‘Emausgongers’ teagen se de omkriten fan Aldeleie troch. Ut in ferslach fan 1880 blykt dat de tsjerke, dêr’t 500 minsken ynkoenen, sneins grôtfol wie. Mooij hat him foaral talein op de drankbestriding. Yn 1918 waard besletten om de tsjerke yn Aldeleie te sluten en dy oer te pleatsen nei Aldebiltsyl, om’t dêr de measte leden wennen. De tsjerke is doe ôfbrutsen.

[bewurkje seksje] De Grifformearde Tsjerke

Yn 1910 waard de Grifformearde Tsjerke fan Aldeleie en Froubuorstersmûne stifte. De tsjerke hat noait in eigen dûmny hân. Der kaam in gearwurkingingsferbân mei de tsjerke fan Hijum/Feinsum. Yn 1971 is de tsjerke gearfoege mei dy fan Aldebiltsyl. It gebou stiet der noch.

[bewurkje seksje] It stasjon

Doe’t de trein noch ried.
Doe’t de trein noch ried.

Aldeleie hie in stasjon op de line fan de Noarder Lokaal Spoarwei fan Ljouwert nei Harns. Aldeleie hat noait yn it spoarboekje stien. Dêryn stie Froubuorstermûne. It gebou stiet der noch op ‘e grins mei Froubuorstersmûne en is no wenhûs wurden.

[bewurkje seksje] De Balkeneinster mûne

De mûne is altiten noch in sieraad yn ‘t lânskip.
De mûne is altiten noch in sieraad yn ‘t lânskip.

Oan de Feinsumer Feart stiet de Balkeneinster mûne út 1844. Tusken 1983-87 is de mûne ûnder hannen west en is doe oerdroegen oan de stifting De Fryske Mole.

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

Oare talen

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu