Antropology
From Wikipedy
Antropology is de stúdzje of lear fan de minske: oer alle minsken fan alle tiid en oer alle fasetten fan it minskdom. It sintrale konsept yn de antropology is kultuer. Oars sein: dat ús soarte de keunst ûntwikkele hat om ús wrâld yn symboalen te sjen en dat we dizze symboalen sosjaal oanleare en trochjaan kinne én dat we de wrâld (en ússels) op grûn fan dy symboalen feroarje kinne.