Beowulf
From Wikipedy
De Beowulf is in Ald-Ingelsk epysk gedicht, dichte mei stêfrym, fan 3182 rigels. It gedicht is it grutste Ald-Ingelske gedicht en foarmet in tsiende fan alle poëzy yn it Ald-Ingelsk. Lang hat it gedicht fral beskôge west as in boarne fan it Ald-Ingelsk; it wie Tolkien dy't as earste in stúdzje makke fan de Beowulf as literêr wurk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Datearring
It hânskrift is fan koart foar it jier 1000. It gedicht hat yn it hânskrift gjin titel, mar sûnt it begjin fan de 19e ieu wurdt it Beowulf neamd. Hoe âld de tekst is, is net wis. Lang hat dy datearre west op lykernôch it jier 700, mar resinter ûndersyk tsjut op in datearring om 850 hinne, of mûglik noch letter. De persoanen dy't yn it gedicht foarkomme binne deselde min-ofte-mear histoaryske figueren, lykas Hugleik dy't ek yn oare teksten foarkommen en dy't de ferhaaltiid datearje tusken 450 en 600.
[bewurkje seksje] Ferhaal
It ferhaal dat yn it gedicht ferteld wurdt hat in kristlike boppelaach, mar is yn himsels in Germaansk heldeferhaal fan foar it Kristendom. It hannelet oer de held Beowulf dy't út Sweden nei Denemarken giet om dêr in meunster te befjochtsjen. Mar foar immen út letter tiid is de eftergrûn fan it ferhaal like fassinearjend: de Germaanske kultuer dy't foar de skriuwers faaks gewoan wie, mar no it ferhaal syn sfear jout.
[bewurkje seksje] Oersettings
Yn it gedicht komt ek Finn foar, hjir de kening fan de Friezen. De parten fan it gedicht dy't oer Finn hannelje binne yn 1937 troch D. Kalma oerset yn it Frysk yn de útjefte Kening Finn.
In proaza-oersetting fan de Beowulf is dien troch Jelle Krol en Popke van der Zee yn 1984.
[bewurkje seksje] Foarbyld
Hjir de earste trije rigels mei dêrûnder ferfryske rigels, gjin krekte oersetting mar ek wer mei stêfrym.
Hwæt! We Gārdena in gēardagum,
þēodcyninga, þrym gefrã non,
hû ða æþelingas ellen fremedon.
Hear! Wy Wapen-Denen yn weiwoarn dagen
fan de rykskeningen har rop haw heard
hoe dy ealju eardieden ferjochten.