Bonke
From Wikipedy
De Bonke is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart foarmet de earste ferbining benoarden de stêd fan it Alddeel mei de Dokkumer Ie. De Bonke rint east-west, krekt noardlik fan de Grinzer Strjitwei, lykernôch fan de Hegebrêge oant Snakkerbuorren. Oan de oare kant fan de Dokkumer Ie, rint de Taniamear fierder nei it westen.
De Bonke lei oarspronklik yn Ljouwerteradiel, mar yn de rin fan ferskate gemeentlike weryndielings is er earst de grins tusken de gemeenten, en letter part fan Ljouwert wurden. De Bonke is no fral ferneamd om't de Alvestêdetocht dêr einiget.