De Kast
From Wikipedy
De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktalige popmuzyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn 1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmer In nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilm De Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek de Fryske Poppriis. Yn 1998 wûnen se de Edison foar de bêste Nederlânske groep.
[bewurkje seksje] Alde Kast
De Kast kaam yn 1992 fuort út de eardere groep Wish to Escape.
Oarspronkelike besetting:
- Nico Outhuijse - drums
- Syb van der Ploeg - sang
- Kees Bode - toetsynstruminten
- Peter van der Ploeg - gitaar
- Sytse Broersma - basgitaar
Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner.
[bewurkje seksje] Nije Kast
De Kast gong yn jannewaris 2003 fierder mei Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer. Fan oktober 2003 oant jannewaris 2004 neamd de band him De Nije Kast, om oan te jaan dat hja net mear deselde groep wienen as dêrfoar, mar de platemaatskippijen retten harren de âlde namme wer te brûken. Troch de teloarstellende plateferkeap, en de oanhâlde ferlykings mei de âlde besettings besleat de groep der mei op te hâlden. Op 4 july 2004 joech De Kast syn ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.
[bewurkje seksje] Reuny
Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by de Fryske Music Night yn Ljouwert.