De Westerein
From Wikipedy
De Westerein is ien fan de tsien doarpen fan de gemeente Dantumadiel, yn it súdeasten fan de gemeente. It doarp hat 5.159 ynwenners (1 jannewaris 2006).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
De namme fan it doarp betsjut de westlike ein, fan Kollumersweach. It doarp is ûntstean as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dit dykdoarp de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e ieu hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst de Westerein him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele, en útwreide nei it súden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.
[bewurkje seksje] Ferbinings
De Westerein leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it súden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast en it Dokkumer Djip.
De Foarstrjitte ferbinet it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppedyk ferbining mei de N356 en fia de Easterein mei Feanwâlden.
Yn it suden hat it doarp in stasjon oan it spoar, mei de geografyske ferkoarting Zww. It spoar ferbinet it doarp mei Ljouwert en Grins.
[bewurkje seksje] UNtwikkeling ynwennertal
- 2006 - 5.159
- 1974 - 4.617
- 1969 - 4.313
- 1964 - 4.053
- 1959 - 3.723
- 1954 - 3.594
- 1900 - 2.134
- 1848 - 1.027
- 1744 - 204