Dirk van der Duim
From Wikipedy
Dirk van der Duim is in Nederlânsk reedrider. Hy wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dizze oerwinning moast hy lykwols diele mei Auke Adema, Cor Jongert, Piet Keizer en Sjouke Westra, omdat se fiifresom tagelyk oer de streek kamen. De fiif riders hienen yn Dokkum ôfpraten om mei syn allen tagelyk oer de streek te kommen, in ôfspraak dy't letter bekend bleau as it Pakt fan Dokkum.
Letter waard de mooglikheid om de winst fan de Alvestêdetocht mei oare riders te dielen ferbean. Dit hat ien kear resultearre yn in tocht sûnder winst. Op 14 febrewaris 1956 gienen wer fiif riders mei-inoar oer de streek. Ze waarden letter út de útslach skrast, hoewol't der gjin nije winner aanwiisd waard.