Dokkumer Nije Silen
From Wikipedy
De Dokkumer Nije Silen binne de silen dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it Dokkumer Djip, yn 1729. Ek it buorskip dat by de Silen untstien is, hat dizze namme. Dit buorskip falt ûnder Ingwierrum, yn de gemeente Dongeradiel.
De Dokkumer Nije Silen bestiet út trije slúskolken. Twa derfan koene brúkt wurde foar it skutten fan skippen. De lêste waard allinnich brûkt foar it spuien fan wetter yn de Lauwerssee. It bourskip is útgroeit ta in fiskershaven fan grenaatfiskers kompleet mei in fiskôfslach.
Yn 1969 waard de Lauwerssee ôfsletten, en is der oan de súdkant fan de Silen in nije slús byboud, de Willem Loréslús. De nije slús hat de funksje fan it skutten fan skippen oernaam. De no âlde silen wurde sûnt dy tiid allinnich noch brûkt foar it spuien fan wetter út de Fryske boezem yn de Lauwersmar. De fiskers en de fiskôfslach binne ferhúze nei Lauwerseach.