Feriene Naasjes
From Wikipedy
Feriene Naasjes | |
---|---|
Offisjele talen | Arabysk, Sineesk/Mandarynsk, |
Algemien siktaris | Kofi Annan (sûnt 1997) |
Oprjochte | as allyânsje: 1 jannewaris 1942 as ynternasjonale organisaasje: 24 oktober 1945 |
Lidsteaten | 192 |
Haadkantoar | New York City, New York, Feriene Steaten |
Offisjele webside | http://www.un.org/ FN |
De Feriene Naasjes is in gearwurkingsferbân fan 192 selsstannige steaten, dat yn 1945 oprjochte is. It is in mondiale organisaasje fan regearen, gearwurkjend op it mêd fan ynternasjonaal rjocht, mondiale feiligens, behâld fan humanitêr rjocht, ûntwikkeljen fan in wrâldekonomy en it ûndersyk nei sosjaal-maatskiplike en kulture ûntjouwings.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
De oprjochting fan de Feriene Naasjes fûn plak op 26 juny 1945 yn San Francisco troch it ûndertekenjen fan it hânfêst, dat op 24 oktober fan dat jier fan krêft waard. De FN bestie by de oprjochting út 51 leden.
Alger Hiss wie tidelik Siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes tidens de oprjochting. Hy moast omtinken jaan oan it lykwicht fan'e naasjes tidens de konferinsje, sadwaande koe de gearkomste earlik ferrinne. Fierder hie er yn syn portefuije it oanlûken fan yn totaal 494 wurkkrêften foar de FN. Hiss wie lykwols gjin "offisjele" Siktaris-generaal, om't hy lieder fan de organisaasje wie wylens yn oprjochting. Doe de Feriene Naasjes operasjoneel gong oan it ein fan [1945]], kamen syn funksjes te ferfallen en waard de Noar Trygve Lie troch de Algiemene Gearkomste keazen as de earste offisjele Siktaris-generaal.
De foarrinner fan de FN wie it Folkebûn, oprjochte op 25 jannewaris 1919 (de 1e algemiene gearkomste wie op 10 jannewaris 1920) Yn 1946 waard it Folkebûn opheven.
Yn it begjin hie de ynternasjonale organisaasje de offisjele namme United Nations Organization (UNO), mar al gau waard dit yn it deistich brúken fan de namme ôfkoart ta United Nations (UN). Dizze namme is no offisjeel fêstlein foar de ynternasjonale organisaasje.
[bewurkje seksje] Untwikkeling
De Feriene Naasjes is fan 55 leden yn 1945 útgroeid ta 192 leden. De lêste twa nije leden wienen yn juny 2006 Montenegro en Servje, nei it útelkoarfallen fan Servje en Montenegro.
[bewurkje seksje] Organen
De FN omfetsje in tal organen, wêrfan de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried de wichtichste binne.
[bewurkje seksje] Algemiene Gearkomste
Yn de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes hawwe alle lidsteaten in sit. De Algemiene Gearkomste kin allinne polityk net-binende útspraken dwaan, soks yn tsjinstelling ta de Feiligensried dy't binende besluten nimme kin. Alle leden fan de FN hawwe stimrjocht yn de Algemiene Gearkomste, mar lannen mei de observaasjestatus (De Palestynske Gebieten en it Fatikaan) meie net stimme.
De deistiche saken wurde behannele troch seis kommisjes fan de Algemiene Gearkomste. De earste kommisje hat ta doel troch ûntwapening de ynternasjanle feiligens te fuortsterkjen. De twadde kommisje is foar ekonoamyske en finansjele saken en it tredde is foar, sosjale, humanitêre en kulturele saken. De fjirde kommisje hâld him dwaande mei spesjale politike stikken en dekoloanisaasje (in ûnderwerp dy't hjoed de dei net mear aktueel is). Administratife en sinteraasje saken wurde behannele yn de fyfde kommisje, en de lêste (nûmer seis) hâld him dwaande mei (ynternasjonale) juridyske saken.
[bewurkje seksje] Feiligensried
De Feiligensried fan 'e Feriene Naasjes is it heechste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. De feiligensried hat fiif permaninte leden, dy't in fetorjocht hawwe. de Folksrepublyk Sina (oant 1972 wie Taiwan as neifolger fan Nasjonalistysk Sina lid mei fetorjocht), Feriene Steaten, Ruslân (dy't yn 1991 de Sowjetuny neifolgde), Frankryk en Grut-Brittanje. Yn de feiligensried hawwe noch tsien oare lannen plak, dy't elts foar in perioade fan twa jier keazen wurde. Dizze net-permaninte leden hawwe gjin fetorjocht en kinne oerstimd wurde. De feiligensried beslist û.o. oer de útfiering fan fredesmissys en hawwe it foech om nije lidsteaten dy by de Feriene Naasjes komme te betankje, troch it brúken fan it fetorjocht. De feiligensried beslist û.o. oer de fredesstriidkrêften fan de organisaasje.
[bewurkje seksje] Ekonoamyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes
De Ekonoamyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes (ôfkoart ECOSOC) hat ta doel it befoarderjen fan gearwurking op ekonoamysk, sosjaal en humanitêr mêd. De ECOSOC is net permanent operasjoniel mar komt inkeld in pear kear yn it jier byinoar. De ried hat 54 leden wêr fan ien-tredde jierliks troch de Algemiene Gearkomste fan de FN foar trije jier keazen wurdt.