Flamingoëftigen
From Wikipedy
De Flamingoëftigen (Phoenicopteriformes) binne in skift yn de klasse fan de Fûgels (Aves). Der is mar ien famylje yn dit skift: de Flamingofûgels.
Fan de taksonomy út besjoen is it doel fan dit skift dan ek allinnich om oan te jaan dat Flamingofûgels net besibbe binne oan oare fûgelfamyljes. Guon biologen stelle dat lykwols yn 'e kiif en sjogge de Flamingofûgels earder as in part fan de Eiberteftigen(Ciconiiformes).
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Klasse Fûgels (Aves)
- Skift Flamingoëftigen (Phoenicopteriformes)
- Famylje Flamingofûgels (Phoenicopteridae)
- Skift Flamingoëftigen (Phoenicopteriformes)