Florida
From Wikipedy
Florida is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. It is in skiereilân mei westlik de Golf fan Meksiko, súdlik de Florida strjitte en eastlik de Atlantyske Oseaan.
[bewurkje seksje] Stêden yn Florida
De haadstêd fan Florida is Tallahassee, en Jacksonville is de grutste stêd. Tallahassee leit yn in part fan Florida mei de namme panhandle. Der binne oare grutte stêden yn Florida, lykas Tampa, Orlando en Miami. Orlando is wiidferneamd troch de ferdivedaasjeparken, lykas de fjouwer parken; Walt Disney World Resort, Sea World, Busch Gardens and Universal Orlando. Miljoenen toeristen besykje Orlando elts jier.
[bewurkje seksje] Sinneskyn Steat
Florida wurd ek wol beskôge as de sinneskyn steat. De efterlizzende tinzen foar dizze skaainamme hat te krijen mei de temperatoer. Tidens de simmer kin it der 112 graden Fahrenheit wurde, yn de wintertiid kinne de temperatoeren sakke ta 55 graden Fahrenheit. Sa út en troch komt de dûkt de temperatoer hjir sels noch in bytsje ûnder. Florida hat sawol rein as droege seizoenen. Florida hat gjin fjouwer seizoenen. Yn de simmertiid is der in protte omtinken fan surfers en oare toeristen. Foar guon Amearikaanske âlderein is Florida harren nije wensteat.