Fryslân (Nedersaksen)
From Wikipedy
It distrikt Fryslân (Dútsk: Landkreis Friesland) is in landkreis yn it noardwesten fan Nedersaksen. Yn it westen grinzget it oan Wittmund; yn it noarden leit de Noardsee. Eastlik lizze de Jade en de Jadeboezem; der tuskenyn grinzget it oan de stêd Wilhelmshaven. Yn it suden leit Wesermarsch, it Ammerlân en Leer. Steatkundich sjoen heart ek it eilân Wrangereach by Fryslân..
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Fryslân waard regearre troch lokale lieders oant yn 'e 15e ieu. Yn 1438 waard de steat Jever stifte, dy't in grutte ynfloed hie op Fryslân en East-Fryslân. De lêste persoan dy hearser fan Fryslân wie, wie Maria fan Jever, oant 1575.
Nei it ferstjerren fan Maria fan Jever kaam Fryslân ûnder it regear fan Aldenboarch. Fan 1667 oant 1793 waard dat Anhalt-Zerbst, doe Ruslân, en yn de Frânske tiid earst Frankryk en doe Nederlân. Fan 1818 ôf wie Fryslân wer in part fan Aldenboarch.
It hjoeddeiske distrikt Fryslân is nei it súden grutter as it histoaryske gebiet.
[bewurkje seksje] Geografy
It distrik Fryslân leit yn it easten fan 'e histoaryske regio East-Fryslân. Skiedkeundich kin it distrikt ta it histoaryske Fryske gebiet rekkenje wurde, mar steatkundich hat it mar koart part west fan it greefskip East-Fryslân.
It meast foarkommende lânskip binne de sompen, ek fean hat it lânskip hjir bepaald.
[bewurkje seksje] Wapen
De lieuw komt fan it wapen fan Jever; it wie in symboal fan 'e steat Fryslân, dy't bestean hat fan 1438 oant 1575. De haadkleur fan it wapen is Asúrblau. Op it wapen is in lieuw ôfbyld en twa âld-Grykske krúzen
[bewurkje seksje] Stêden en gemeenten
Stêden | Gemeenten |
---|---|
|
|