Golf fan Biskaje
From Wikipedy
De Golf fan Biskaje (Spaansk: Golfo de Vizcaya, Frânsk: Golfe de Gascogne, Baskysk: Bizkaiko Golkoa) is in seeboezem tusken Frankryk en Spanje dy't him útstrekt fan Bretanje oant de noardkust fan Spanje. De golf is neamd nei de Spaanske provinsje Biskaje.
De wichtigste havens oan de Golf fan Biskaje binne de Spaanske havenstêden Santandar, Bilbao en Pasaja (by San Sebastian) en de Frânske havenstêden Bayonne en Bordeaux.
De golf hie, terjochte, de namme by stoarm tige gefaarlik te wêzen. Oan trije kanten is de golf troch lân omsletten, mar oan de westkant komt de folle wyn fan de Atlantyske Oseaan oansetten. Sylskippen dy't ienkear yn de golf wienen koenen by westerstoarm net mear weikomme en waarden troch de Atlantyske wyn nei de legerwâl fan de Frânske kust dreaun.
Op 22 maaie 1703 fûn der in seeslach yn de Golf fan Biskaje plak. In keapfaardijfloat beskerme troch Nederlânske kriichsskippen, ûnder lieding fan kapitein Roemer Vlacq, moetet in eskader Frânske kriichsskippen. De Frânske oermacht wie lykwols te grut en de Nederlânske skippen wienen twongen ta oerjaan.