Greve
From Wikipedy
Greve is in adelike titel.
Yn de Frankyske tiid wie in Greve in ambtstitel foar de heechste man fan amtlik, juridysk en militêr gesach dy't keazen waard troch Karel de Grutte. De greve wie de offisjele fertsjinwurdiger yn it him tasein gebiet (goa). Meastentiids waarden de Greven beneamd út leden fan wichtige famyljes en namen sy mei de biskoppen en abten diel oan de grutte ryksgearkomsten.
Der waarden fjouwer funksjes fan greven ûnderskieden:
- Goagreve : De fertsjinwurdiger fan de keizer yn in goa, in part fan it lân.
- Boarchgreve : De militêre lieder oer in boarch.
- Markgreve : De ferdigener fan in mark, in grinslân.
- Paltsgreve : De bestjoerder fan in palts, in keizerlik hof.
Sûnt de 9e ieu waard de titel fan greve erflik, wêrmei de greve in lienman fan de keizer of kening waard. Yn de lette Midsieuwen hienen de greven in grutte macht yn harren gebiet, faak kombinaasjes fan mear goaen dy't troch fererving in grutter greefskip foarme hienen. Oan de ein fan de Midsieuen waard de macht lykwols troch de lienhearen werom naam. Yn dy keninkriken mei in sterk sintraal bewâld waard de greve ta net folle mear as in aadlike titel.