Grienlân
From Wikipedy
Grienlân (Grienlâns: Kalaallit Nunaat, Deensk: Grønland) is in eilân yn de noardlike Atlantyske Oseaan, ta noardeasten fan Kanada. Mei in oerflakte fan Berjocht:Statsland-oppervlaktekort is it it grutste eilân fan'e wrâld. Grienlân makket diel út fan it keninkryk Denemarken. Sûnt 1979 hat it lykwols in ûnôffhinklike posysje ta opsichte fan Denemarken (status aparte) en it makket sûnt 1985 gien diel mear út fan de Jeropese Unie. De haadstêd is Nuuk.
Grienlân heart geografysk besjoen by Noard-Amerika, en geologysk ta it Kanadese skild. 80% fan it lân is bedekt mei in dikke yslaag fan maksimaal 3 km dikte. Allinnich de kuststrook fan 15-150 km breed, foaral yn it suden en westen kin bewene wurde, mei tank troch de ynfloed fan de Golfstream. De kusten binne ynkerfd mei ôfgryslike fjorden en gletsjers, wer rigelmjittich ysbergen fan ôfbrekke. Grienlân hat in poolklimaat.
De oarspronklike ynwoners binne de Inuit (ek Eskimo's neamd). Sy winen fanalds nomaden en foarme lykwols noch in lytse groep. It grutste part fan de ywenners libbet yn it sudwesten en sy binne de Grienlânners, in mingelmoes fan Denen en Inuit. De taal dy't sy sprekke is Grienlâns, dat in Inuit dialekt. It Deens en it Grienlâns binne de offiesjele talen. In tredde groep ynwenners bestjit út Jeropeanen, foaral Denen. Fierder binne der yn de basis Thule Amerikaanske soldaten legerd.
De Grienlânske ekonomie leunt benammen op de fiskfangst, de jacht, skiepteelt en mynbouw. Men eksporteert û.a. walfiskprodukten, pelzen. Mynbouwprodukten as kryoliet, kwarts, glimmer, lead, sink en yzererts wienen ek de wichtichste eksport produkten, mar de lêtste myn waard yn 1990 slette.
De wichtigste religy is lykas yn Denemarken it lutheranisme. It kristendom is om it earste millennium hinne troch de Yslânse kolonisten brocht.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiedenis
- 8e ieu - De Inuit binne de earste bewenners fan Grienlân.
- 981 - Erik de Reade landt fia Yslân op de Grienlânske kust
- 987 - festiging fan de earste kolonisten.
- Lykernoch 1000 - ynfoering fan it kristendom troch Leif Eriksson.
- 1261 - Grienlân onder Noors bestuur
- 1397 - Grienlân offisieel Deensk gebiet (Uny fan Kalmar).
- 15e ieu - De Vikingkolonies ferdwine troch it kâlder wurden fan it eilân as gefolch fan yn feroarend klimaat (lytse ystiid).
- 1721 - Begjin werkolonisering troch Denemarken.
- 1774-1951 - De hannel mei Grienlân is in steatsmonopolie.
- 1951 - Deensk-Amerikaansk ferdrach wurd sletten oer de mienskiplike ferdigenens fan Grienlân.
- 1953 - Grienlân krijt beperkt selsbestjoer yn it Deenske keninkryk.
- 1979 - Grienlân wurd hielendal selstannich yn it Deenske keninkryk.
- 1982 - Grienlân stemt trochmiddel fan in referendum yn foar uttreding út de Jeropese Mienskip.
- 1985 - Grienlân ferlit de Jeropese Mienskip.
[bewurkje seksje] Godstsjinst
It grutste diel fan de Grienlânners is Kristen. Rom 64,2% fan de Grienlânners heart ta de Evangelysk-Lutherske Tjerke. De Pinkstertsjerken is slim aktief. Lykernôch 2,8% fan de befolking heart hjier ta. Fierder heart 27,4% fan de Grielânners ta in oare Kristlike Tjerke. 3,4% is net religieusk.
[bewurkje seksje] Polityk
Grienlân is sûnt 1953 selstannich fan Denemarken. Yn 1979 waard dizze selstannigens fierder utwreide. De haad fan'e steat fan Grienlân is de Deenske keningin Margaretha II. In gouverneur ferfult yn'e plak fan de keningin de rol fan lânsfoogd.
Grienlân is in parlemintaire demokrasy mei algemien stimrjocht en hat in parliment mei 31 setels (Landsting). Der is in kabinet mei in premier en faaks soargt de grutste party yn it parliment foar de premier.
Grienlân is - yn tsjinstelling mei Denemarken - gien lid fan de Jeropese Mienskip.
[bewurkje seksje] Polityke partyen
Grienlân telt inkele belangryke polityke partyen:
- Atássut (A) - Gefoel fan Minskipsolidariteit (konserfatief, foarstanner fan de unie tusken Denemarken en Grienlân)
- Siumut (S) - Foarwearts (sociaaldemocratysk, foarstanner fiergeande selstannichens, mar mei behâld fan de unie tusken Denemarken en Grienlân)
- Inuit Ataqatigiit - Inuit Gemeenschap (links, foarstanner komplete selstannichtens)
- Demokraatit (D) - Democraten (liberale party)
- Kattusseqatigiit (K) - Ûnôfhankliken (fraktie fan ûnôfhinklike kandidaten yn it Grienlânske parliment)
[bewurkje seksje] Sjoch ek:
- List mei premiers fan Grienlân