It Oranjewâld
From Wikipedy
It Oranjewâld (Oranjewoud) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, krekt east fan de flekke. It doarp hat 1.030 ynwenners (2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Albertine Agnes dochter fan Freark Hindrik en Amalia fan Solms erve nei it ferstjerren fan har man, de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz, de lannen mei pleatsen "It Wold". Der kamen nei de tiid in soad aadlike minsken te wenjen en it plak krige de namme Oranjewâld. It hûs Oranjestein waard yn dy tiid boud. Sa wennen yn 'It Wâld' de famyljes Van Scheltinga, Van Limburg Stirum, Wouters, Cats en Bieruma Oosting.
[bewurkje seksje] Gebouwen
- Oranjewoud (gebou), it eardere wenstee fan Albertine Agnes
- Oranjestein
- Lyts Jachtlust
- Hotel Tsjaarda
en
- It Jagershûs
- Prinsenhof
- It Switserske Húske
- Oranjehoeve
- Klemburch
- Wâldoard
- De Nijhorst
Foar de anneksaasje troch It Hearrenfean foel ek de filla Blau Hûs noch ûnder It Oranjewâld. Earder wienen der noch Ontwijk, Brouwershave, De Tent, Pauwenburch, Lyts Marsicht,
en de loazjementen De Kom en Weener.
[bewurkje seksje] Grêfkelders
Yn en om It Oranjewâld binne noch in tal Grêfkelders, lykas dy fan de famyljes Bienema en Van Limburch Stirum yn (It Oranjewâld), Van Scheltinga yn (Brongergea), en Wouters en Van Heloma yn (Aldskoat).
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Eksterne links
- [[1]]