Jan van der Hoorn
From Wikipedy
Jan van der Hoorn is in Alvestêderider út Ter Aar.
Jan van der Hoorn ried op 8 febrewaris 1947 mei yn de Alvestêdetocht. It wie syn syn earste Alvestêdetocht, dêrom fûn er it al moai at er de tocht útride koe. Hy ried mei de foarsten mei mar tocht noait dat er sels ek wolris winne koe. It iis wie net bêst en der stie boppedat in straffe wyn. Van der Hoorn kaam as fiifde oan, nei in tocht fan 10 oere en 36 minuten. Der kamen lykwols in soad klachten binnen oer riders dy't yn oertreding west hawwe soenen. It gie dan faak oer "oplizzen": frisse riders hâlden dan de wedstrydriders út ’e wyn. Guon riders wienen sels yn in auto meiriden. Op ’t lêst waard Van der Hoorn ta winner útroppen.
Op 14 febrewaris 1956 ried Jan foarop mei Jeen Nauta, Aad de Koning, Anton Verhoeven en Maus Wijnhout. Hja besleaten om tagelyk oer de streek te kommen. Fan it publyk krigen de fiif gjin applaus, ek al omdat tagelyk finisjen nei 1940 ferbean wie. It bestjoer hat him hjiroer lang berieden en besleat alle fiif te diskwalifisearjen. Se krigen ek gjin Alvestêdekrúske. Ek de nûmer seis, Jeen van den Berg, krige net de krânse en de ear, mar neffens Van der Hoorn wie dat omdat Van der Berg dat sels net woe.
Op 18 jannewaris 1963 ried Jan van der Hoorn de Alvestêdetocht wer, mar moast troch de swiere omstannichheden earder ophâlde. Nei 22 jier, op 21 febrewaris 1985 kaam Jan van der Hoorn te let binnen. Dêrtroch hat er nea it fûl begearde krúske krigen. Op de Canterlandsebrêge tusken Gytsjerk en Lekkum (de tegeltsjebrêge) steat er dan ek net tusken alle tegeltjes.
Jan van der Hoorn krige letter in winkel yn redens en skeelers yn Ter Aar.