Koartsweagen
From Wikipedy
Koartsweagen is in doarp yn de gemeente Opsterlân. Koartsweagen heart ta de himrik fan De Gordyk, it leit oan de N392 yn it súdeasten fan De Gordyk. It doarp is troch de grutte útwreiding fan de Gordyk oan de flekke fêstgroeit.
[bewurkje seksje] Joadske begraafplak
Om 1800 hinne hat de Joadske gemeente fan de Gordyk yn Koartsweagen oan de Dwersfeart in stik lân oankocht foar in begraafplak. Yn 1947 is de joadske gemeente gearfoege mei dy fan Ljouwert. De gemeente Opsterlân hat it joadske begraafplak noch yn ûnderhâld.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |