Kompakte skiif
From Wikipedy
In Kompakte skiif, faak wurdt de Ingelske ôfkoarting CD brûkt, is in optyske drager foar lûd of byld, of opslach fan oare gegevens. Faak wurdt de term beheind ta allinnich lûd-CD-s.
In kompakte skiif is in skiif mei in diameter fan 120 mm. De skiif is foar it grutste part in transparante keunststof beskermlaach fan 1,2 mm. Dêrop leit in aluminium laach mei oan de kant fan de beskermlaach hiel lytse dobkes, net djipper as 125 nm. Oer de oare kant fan dy aluminiumlaach leit in hurde laklaach, dêr't faak tekst en ôfbylden op oanbrocht binne. De dobkes foarmje in 5,4 kilometer lange spiraal dy't fan it midden út ôftaasd wurdt mei in laser, en ynterpretearre wurdt as op syn heechst 74 minuten muzyk. Der is ek in lytsere ferzje, de mini-kompakt disk, fan 80 mm en 21 minuten muzyk.
It systeem fan de kompakte skiif waard ûntwikkele foar bylddragers, mar de earste grutte tapassing wie as lûddrager. Yn in pear jier waard de grammofoanplaat foar in grut part ferfongen troch de CD. Fierder bouwend op dat sukses kamen Byld-CD-s en Kompaktlêsskiven út. Fral de tafoeging fan kompaktskriuwskiven hat de tapassing as gegevensopslach ta in sukses makke.
By de yntroduksje fan in nije standert foar kompakt skiven is keazen foar de nije namme DVD.