Konstantius II
From Wikipedy
Flavius Julius Constantius (7 augustus 317 - 3 novimber 361), bekend as Konstantius II, wie keizer fan septimber 337 oant 3 novimber 361.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
Konstantius waard berne yn Sirmium, yn Illyricum, as de twade soan fan Konstantyn de Grutte en dyns frou Fausta. Op 13 novimber 324 waard hy troch syn heit ta Caesar beneamd. Likernoch 335 troude hy mei syn earste frou, in dochter fan syn omke Julius Konstantius en healsuske fan syn neef Julianus Apostata. Hy hie allinich in dochter, dy't troude mei de lettere keizer Gratianus.
[bewurkje seksje] Opkomst
Doe Konstantyn de Grutte stoar yn maaie 337 wie Konstantius der fuort by om safolle moogelik macht te gripe. Hy wie wierskynlik dejinge dy ferantwurdlik stelt kin wurden foar it utroegjen fan de heale manlike famylje fan Konstantyn. Yn septimber datselde jier ferdielde hy it ryk tegearre mei syn broers Konstantyn II en Flavius Julius Constans. Konstantius krige it eastlike diel, mei utsondering fan Thraasje, Achaea en Macedonia, dat by Konstans hjearde.
[bewurkje seksje] Allinne hearskippij
Yn 340 stoar Konstantyn II, de âldste fan de trije broers, hy kaam om it libben tidens in fjidslach tsjin syn jongste broer Konstans. Yn 350 waard ek Konstans deadzje, troch in opstân fan de usurpator Magnentius. Hjirtroch waard Konstantius yn theory de keizer fan it hiele ryk. Mar derfoar moast hy earst Magnentius ut de wei romjen. Konstantius beneamde sadwaande syn neef Flavius Claudius Konstantius, in broer fan Julianus Apostata, ta Caesar sadat dizze it easten yn'e gaten koe hâlden, wylst hy sels nei Itaalje trok. Konstantius fuorde twa fjildslachen tjin Magnentius, by Mursa yn 351, dy't net utmakke einige, en by Mons Seleucus yn 353, wêr't hy der wol yn slagget om't Magnentius foargoed te ferslein. In jier letter liet Konstantius Gallus deadzje, omdat hy him te opstânnich fûn.
[bewurkje seksje] Striid tsjin de Perzen
Tidens Konstantius syn hiele hearskippij wienen er regelmjittich ynfallen fan de Perzen. Sawat al dizze ynfallen koe hy ôfslein, eat wat net sizze kin wurden fan oare keizers. Hy wie ek sukselfol tsjin ferskate Jeropese barbaarske stammen.
[bewurkje seksje] Dea en opfolging
Op oanrieden fan syn twade frouw Eusebia beneamde hy yn 355 in oare neef fan him Julianus Apostata ta Caesar, en stoerde him nei Galje dat te stellen hie mei Germaanske ynfallen. Julianus hie lykwols safolle sukses dat syn troepen him yn 360 ta keizer utropten. In boargeroarloch waard foarkommen troch de (natuerlike) dea fan Konstantius op 3 novimber 361. Konstantius hie gjin manlike opfolger sadat Julianus keizer waard fan it hiele ryk.