Lânbou
From Wikipedy
Mei Lânbou wurdt it proses fan it ûnder min of mear kontrolearre omstannichheden produsearjen (fermearderjen en ta waaksdom komme litten) fan planten en domestisearre bisten bedoeld, meast mei it doel om direkt of yndirekt as iten te tsjinjen. Lânbou is de praktyk, lânboukunde is de stúdzje dy't de lânbou as ûnderwerp hat.
Njonken iten produsearret de lânbou ek saken as sierplanten, bûnt, lear, biodiesel, tried, medisinen en drugs.