Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Monoteisme - Wikipedy

Monoteisme

From Wikipedy

It monoteisme is de foarm fan godstsjinst dêr’t mar ien god by erkend, en fereare, wurdt. De bekendste monoteistyske religys binne it Kristendom, it Joadendom en de Islam. Monoteistyske religys kinne op twa manearen ûntstean: troch in stadiche ûntwikkeling fan filosofyske skôging út polyteisme, of as in hoopstrookse omkear troch in profetyske oprop ta it útslutende erkennen en tsjinjen fan ’e Iene God.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Untstean troch filosofyske skôging

By in stadiche ûntwikkeling giet polyteisme, meargoaderij, stadichoan oer yn monoteisme, op basis fan it religieus-filosofyske betinken dat alle goaden manifestaasjes of ferskillende aspekten binne fan ien heechste oergodheid. Dit kin op himsels in floeiende ûntwikling wêze, mar guon konsepten foarmje mûglike tuskenstadiums, lykas it henoteisme, it leauwen oan in panteon mei in oergod, en monolatry, it útslutende tsjinjen fan ien beskate god tusken oare goaden.

Disse ûntwikling die him bygelyks foar yn Grikelân en it Midden-Easten yn ’e Hellenistyske Tiid (350-100 f.Kr.), dêr't ûnder oaren wiisgearen as Plato en Aristoteles, de Grykske goadenwrâld monoteistysk beseagen. Tsjintwurdich nimt in part fan it Hindoeïsme sa'n selde posysje yn. Om't it in stadiche ûntwikling is, kin it nei't de earste leauwenden ta dit ynsjoch komme noch lang duorje eart gâns de godstjinst gâns monoteistysk wurdt. Sa is filosofyske skôging ornaris eat dêr’t mar in lyts part, de hegerein, fan in befolking tiid of begryp foar hawwe, sadat dit soarte fan monoteisme de legerein mûchlik nea berikt. En oarsom kin de ûntwikling nei in monistysk monoteisme, it leauwen yn ien ûndielbere god, him slim ûntwikkele wylst in oar part fan de leauwenden noch polyteistysk is.

[bewurkje seksje] Untstean troch in profetyske oprop

Dêr't in godtjinstferoaring it gefolch is fan in profetyske oprop is it makliker foar polyteisten om as de oanhingers fan de profeet harren âlde goaden falle te litten en daalks ta in monistysk monoteisme te kommen. Lykwols is ek dizze omkear net absoluet. De measte profeten yn in polyteistyske wrâld roppe ynearsten allinnich op ta monolatry; it monoteisme komt letter. En oarsom, iepenet filosofyske skôging ek fan it monistysk monoteisme út de wei nei in god mei ferskate aspekten.

Profetysk-ûntstean monistysk monoteisme komt hjoed de dei fierwei it meast foar, en it foarmet de basis fan it Joadendom, it Kristendom, de Islam, it Sikisme, it Bahaïsme, guon Hindoeïstyske sekten en in tal lytsere godstsjinsten. Ek yn dizze godstjinsten is it in religieuze boppelaach dy't fêsthâldt oan de strange foarm fan monoteisme, en alwat dêr net yn past ôfwiist. Dochs komt it ek by dizze godstjinsten foar dat de god mear-ienich is, dat der ôfspegelings van de god erkend wurde, of dat hilligen ferearre wurde.

[bewurkje seksje] It earste monoteisme

It âldst-bekende monoteisme ûntjoech him mûchlik min of mear op beide manearen, nammentlik troch de filosofyske skôging fan ien man, dy’t dêrnei syn ideeën oan syn ûnderdienen oplei, eat dat foar harren grif in hoopstrookske omkear west hat.

Dit wie de Amarna-tiid yn it âlde Egypte. Amenhotep IV, in farao út ’e Achttjinde Dynasty dy’t regearre fan 1364 oant 1347 f.Kr., helle ien god út it Egyptyske panteon en foarme dêr in monoteistyske kultus om hinne. Dy god wie Aton, de ferpersoanliking fan ’e sinneskiif en oant it begjin fan ’e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan ’e sinnegod Amon-Ra. Amenhotep (dat eat betsjut as “Amon is tefreden”) feroare syn namme ta Achnaton (“Dy’t Aton behaget”) en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan Tebe nei it nij-boude Achetaton (“Ljochtlân fan Aton”), de hjoeddeiske ruïnestêd Tell el-Amarna. Yn it earst ferkundige er in henoteistysk leauwen yn Aton, mar al gau gong er oer op it beliden fan in monoteistyske godstjinst.

It is net alhiel dúdlik hoefier de Egyptenaren yn dy tiid echt monoteistysk waarden. Foar de elite om ’e farao hinne sil it leauwen faaks mear yn ’e rjochting fan in monolatrysk polyteisme gongen wêze en foar it gewoane folk wie it nei alle gedachten in henoteistysk polyteisme. Hoe dat ek wie, nei de dea fan Achnaton, en syn opfolger Smenkare, waarden syn herfoarmings rigoereus weromdraaid. Tebe waard wer de haadstêd, syn soan Tutankaton waard Tutankamon en by dy syn dea wie Egypte al drok dwaande alle oanwizings oer it bestean fan Achnaton wei te heljen. As ketter beskôge waard syn namme weikrast út ynskripsjes, en op offisjele keningslisten kaam er net mear foar.

De Amarna-tiid leit likernôch in ieu foar de tiid dy't no oanwiisd wurdt foar it begjin fan it boek Eksodus, doe't neffens de Bibel Moazes, dy't opgroeide oan it hof fan de Farao, lieder waard fan in groep Monoteisten. De ein fan Genesis falt fansels noch earder. Der is dêrom wol tocht oan in ferbân tusken de Aton-godstsjinst en de Abraham-godstsjinsten. Der binne lykwols gjin gegevens genôch om hjir mear oer sizze te kinnen.

[bewurkje seksje] Relaasje tusken god en minsken yn it monoteisme

It monoteisme, alteast as it monistysk is, hat gjin holistysk wrâldbyld, sa’t polyteistyske religys dat ornaris al hawwe. Yn it bysûnder giet it der net fan út dat God út fûneminteel deselde matearje bestiet as de minsken. Sadwaande bout it logysk al gau safolle mear romte yn tusken God en de minske, dat der in ûnoerbrêchbere kleau ûntstiet.

[bewurkje seksje] Relaasjes tusken monoteistyske en oare religys

Monoteisme wurdt gauris sjoen as in yntolerante foarm fan godstsjinst. Ommers, as der mar ien god is, dan moat dat wol betsjutte dat alle oare goaden - dy’t dêrom “ôfgoaden” neamd wurde - ûntkend wurde moatte. Dêr soe dan út folgje dat oare godstjinsten te fjoer en te swurd bestriden wurde moatte. De hillige boeken fan de grutte monoteistyske godstjinsten sizze lykwols dat oarsljeauwenden akseptearre wurde moatte. It spoar fan bloed dat it leauwen troch de skiednis lûkt komt dêrmei net fuort út it leauwen sels, mar út de leauwenden. Faaks is it makliker om monoteisten, of harren organisearre tsjerke, as in party te sjen, dy't it tsjin oare partyen opnimme kin of moat.

[bewurkje seksje] Fûnemintalisme

Dy kulturele konsekwinsje fan it monoteisme is faaks mei de oarsaak fan de opkomst yn ’e lêste twahûndert jier fan it fûnemintalisme, in streaming dy’t yn alle grutte monoteistyske religys foarkomt mar dêrbûten folle minder. Dizze streaming stiet it weromkearen nei de fûneminten fan ’e oangeande religy foar. Dit stribjen is feitlikens in beweging wei fan it monoteisme, omdat dêrby net mear God sintraal stiet, mar fergodlike tinkbylden, lykas by it Joadsk fûnemintalisme it Hillige Lân, by it Kristlik fûnemintalisme de Bibel en “gesinswearden”, by it Islamitysk fûnemintalisme de histoaryske Islam of by Sik-fûnemintalisme de Gouden Timpel fan Amritsar.

[bewurkje seksje] It feroarjende godsbyld

It fûnemintalistyske stribjen nei in byld fan in eardere foarm fan de religy is mûchlik om't ek by monoteisme net altyd presys deselde god fereare wurdt. De minsklike religy en godsfoarstelling binne krekt as alle oare minsklike tinkbylden bleatsteld oan ’e ynfloed fan plak en tiid. De iere kristenen, bygelyks, sille in hiel oare godsfoarstelling hân hawwe as de kristenen fan hjoed de dei, allinne al om’t foar minsken fan dy tiid de minsklike wrâld beheind wie ta de ierde; foar harren moat it folslein ûnfoarstelber west hawwe dat der ea astronauten op ’e Moanne omkuierje soenen.

Troch de feroarings fan godsbyld binne de hiele skiednis troch godsfoarstellings dy't ferâldere wienen, of dy’t om oare redenen net mear foldienen, op in soms tige rigoereuze wize ôftanke om ferfongen te wurden troch in oan plak en tiid oanpaste teology. It gefolch dêrfan is fansels dat it godsbegryp ek by monoteistyske religyen in grut ferskaat oan betsjuttings omfettet, dêr’t faak ûnderskate fan yn deselde tiid njonken inoar foarkomme en dêr’t sommigen fan inoar tsjinsprekke of sels útslute. Sa stiet ek in fûnemintalistyske godsbegryp, wat in byld is fan wat de hjoeddeiske leauwenden as it oarspronklike godsbyld beskôgje, njonken mear oan de hjoeddeiske tiid oanpaste godsbylden.

It is lykwols net sa dat it fûnemintalisme it earste konflikt is ûntstean troch feroarjende monoteistysken godsbylden. It is al sa dat monoteisten, útgeande fan it idee dat elts godsbyld mar provisoarysk is, meast gjin muoite hân hawwe mei ûnopfallende feroarings fan it godsbegryp troch de tiid, Mar as feroarings laten ta regionale ferskillen, of op oare wize dúdlik sichtber wienen, waarden hiele mienskippen ta ketters ferklearre en in guon gefallen ferneatige. Ek hjir liket de organisaasje en de ienheid fan de monoteistyske godstjinsten gefolgen te hawwen dy't harren yn it polyteisme minder foardogge.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • K. Armstrong, Een geschiedenis van God - Vierduizend jaar jodendom, christendom en islam, Amsterdam, 1993.
  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • H. Smith, De religies van de wereld, Utert, 1999.

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu