Nijhuzum
From Wikipedy
Nijhuzum is een doarpke yn de gemeente Nijefurd. It hat likernôch 40 ynwenners en it bestiet benammen út buorkerijen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Lizzing
It doarpke leit eastlik van Warkum, yn de Munnekebuorster Polder. Oan de westkant en noardkant wurdt it begrinzige troch it spoar fan Ljouwert nei Starum, oan de eastkant troch de Flakke Brekken en de Grûns en oan de súdkant troch it Langfliet.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Nijhuzum part fan de gemeente Wymbritseradiel.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Nijhuzum hat fia de Nijhuzumer Dyk ferbining nei Warnfliet, en dan fia de Nijhuzumer Brêge oer de Warkumer Trekfeart mei de Trekwei, nei Warkum. It oerset Droech oer de feart, oer de Grûns, jout ferbining mei de Lytse Gaastmar, en it fytspaad it Brekkenpaad rint om de noardkant fan de Flakke Brekken en Aldegeaster Brekken hinne nei Aldegea (Wymbritseradiel). By Warnfliet hat fan 1895 oant 1934 oan it spoar ek de halte Nijhuzum west.
Troch it doarp rint sa'n bytsje east-west de Nijhuzumer Feart, dy't it doarp ferbynt mei de Grûns en de Warkumer Trekfeart. Fan de oarspronklike noard-súd-ferbining dêr't it doarp oan ûntstien liket te wêzen is net folle mear oer.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 40
- 2003 - 49
- 2002 - 47
- 1999 - 53
- 1973 - 87
- 1969 - 94
- 1964 - 103
- 1959 - 110
- 1954 - 126
- 1848 - 70