Nobelpriis
From Wikipedy
De Nobelpriis is in jierlikse priis foar minsken dy't in opmerklike prestaasje levere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, Skiekunde, Fysiology of Genêskunde, Literatuer en befoardering en behâld fan de Frede. Fierder wurdt sûnt 1968 de Nobelpriis foar de Ekonomyske wittenskippen takend. Dizze lêste priis wurdt subsidiearre troch de Sweedske Sintrale Bank. Oan de priis is in net ûnaardich jildbedrach ferbûn mar de erkenning en prestiizje binne foar de measte winners de wichtichste beleaning.
De priis foar de frede is de ienige dy't takend wurdt troch it Noarske regear. De oare priiswinners wurde nominearre troch ferskillende Sweedske universitêre kommisjes.
De priis is by testamintêre beskikking ynsteld troch de tige rike Sweedske yndustrieel Alfred Nobel. De priis waard foar it earste útrikt yn 1901 yn de Alde Muzykakademy fan Stockholm. De priis wurdt sûnt dy tiid op de stjerdei fan Nobel (10 desimber) útrikt troch de Noarske en Sweedske kening.
De jildpriis, tsjintwurdich 10 miljoen Sweedske kroanen (ûng. 1,1 mio euro), is bedoeld foar fierder ûndersyk.
[bewurkje seksje] Listen mei Nobelpriiswinners
- Nobelpriis foar de Natuerkunde
- Nobelpriis foar de Skiekunde
- Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde
- Nobelpriis foar de Literatuer
- Nobelpriis foar de Frede
- Nobelpriis foar de Ekonomy
[bewurkje seksje] Eksterne link
- http://www.nobel.se/ - The Nobel Foundation