Paramaribo (stêd)
From Wikipedy
Paramaribo is de haadstêd fan Suriname. De stêd leit oan de westside fan de rivier de Suriname, likernôch 23 kilometer fan de see ôf. It grutste part fan it distrikt Paramaribo kin ta de stêd rekkene wurde. Der wenje likernôch 250.000 minsken yn de stêd.
[bewurkje seksje] Skiednis
De stêd is troch de Britten yn 1630 stifte, en yn 1650 wie de stêd part fan it Britske Ryk en krige de status fan haadstêd. De sizzenskip oer Paramaribo wikselle tusken de Britten en de Nederlanners, de Nederlanners krigen fan 1815 ôf de sizzenskip oant 1975. Troch slavenhannel en kontraktwurkers hat Paramaribo in ryk ferskaat oan etnisyteiten fan Yndiaanske, Afrikaanske, Aziatyske en Nederlânske komôf.
Yn jannewaris 1821 hat in grutte brân mear as 400 huzen ferneatige. In twadde brân yn septimber 1832 ferneatige op 'en nij 46 huzen yn it westlike part fan de 'Waterkant