Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Paul Gauguin - Wikipedy

Paul Gauguin

From Wikipedy

ofbyld:Gauguin.bargehoeder.jpg
De Bargehoeder
skildere yn 1888

Paul Gauguin, berne as Eugène Henri Paul Gauguin (7 juny 1848 - 9 maaie 1903) wie in letympresjonistyske Frânske skilder.

Gauguin, berne yn Parys, stamme ôf fan Spaanske kolonisten yn Súd Amearika en brocht syn betide bernetiid troch yn Lima. Neidat hy syn oplieding yn Orleans yn Frankryk ôfmakke hie, siet er 6 jier by de keapfardij en letter by de Frânske marine. Werom yn Frankryk yn 1880 waard hy assistint by beursmakelaar Gustav Arosa, in suksesfol sakeman en keunstsamler. Gauguin kaam fia him yn de kunde mei de ympresjonisten. Yn novimber 1873 troude Gauguin mei de Deenske Mette Sophie Gad. Se soene fiif bern krije. As beursmakelaar wie hy suksesfol en hy folge Arosa yn in sammeljen fan keunst en wie boppedat in tige fertsjinstlik amateurskilder dy't yn de ympresjonistyske styl skildere.

Yn 1882 stoarte de beurs yn en rekke Gauguin syn baan kwyt. Yn 1884 ferhuze hy mei syn húshâlding nei Kopenhagen, dêr't hy as fertsjintwurdiger fan in Frânske tekstylfabrikant net echt suksesfol wie. Hy woe him leaver alhiel talizze op it skilderjen en gie, nei in mislearre tentoanstelling fan syn wurk yn Denemarken, werom nei Parys. Hy liet dêrby syn frou en bern sûnder jild efter, en sy hie gjin oare opsje as wer by har âlden yn te lûken.

Yn 1886 sette er him yn Bretanje ta wenjen, dêr er huze mei in Javaanske frou, Anne, dy't in soad neaken foar him posearre.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Van Gogh

Gauguin wenne, op inisjatyf fan Theo van Gogh, yn 1888 twa moanne by Vincent van Gogh yn Arles dêr't Vincent in skilderskoloanje begjinne woe. Theo stipe Gauguin yn dy tiid ek finansjeel. Yn it begjin wie de gearwurking goed, de twa learden fan inoar, en skilderen tegearre. Der binne skilderijen fan Gauguin en Van Gogh dy't sa't it liket mei de deselde ferve makke binne. Se hawwe ek oer en wer portretten fan elkoar makke. Mar om't se yn itselde hûs wennen, bekuolle harren relaasje doe't it waar minder waard, sa't se ticht op elkoar libje moasten. Ut de brieven fan Vincent blykt dat hy en Gauguin oanienwei rûzje hiene. Op 23 desimber kaam it ta in útbarsting. Neffens Gauguin wie er sa skrokken fan it hâlden en dragen fan Van Gogh, dy't him op in jûnskuier efterfolge, dat hy in nacht yn in hotel trochbrocht. Dy jûn die ek bliken dat fan Van Gogh in stik fan syn ear ôfsnien wie. Neffens Gauguin hie Van Gogh dat sels dien. Van Gogh waard yn it sikehûs opnaam, en Gauguin flechte nei Paris.

[bewurkje seksje] Tahity en Polyneezje

Yn 1891 gie Gauguin nei tropyske oarden om de Europeeske beskaving (en syn skuldeaskers) te ûntrinnen. Hy woe alles wat keunstmjittich en konvinsjoneel wie efter him litte. Hy hie dêrby in romantysk byld fan de primitive minsk (sa't Jean-Jacques Rouseau dy beskreaun hie) en sette him ôf tsjin de boargerlike maatskippij. Faaks hat ek it feit dat hy yn Frankryk as keunstner suver gjin erkenning krige dêrby in rol spile. Hy hâlde earst op Tahity ta, dêr't er ferskate masterwurken skildere hat, mar dêr't er yn 1898 ek besocht hat himsels te koart te dwaan. Yn 1893 en 1894 kaam er noch ien kear nei Europa, nei Parys en Kopenhagen, mar hy gong yn 1894 foar altyd nei de tropen. Hy libbe mei Paou'óura mei wa't er yn 1899 in soan, Emile, krige. Yn 1901 gong er nei de Marquesas Eilannen. Yn 1903 kaam Paul Gauguin oan syn ein, besmet mei syfilis en nei ferskate hertoanfallen. Hy is begroeven op in hôf yn Atuona yn Frânsk-Polineezje.

[bewurkje seksje] It wurk fan Gauguin

Gauguin wie in letympresjonistyske skilder. Syn wurk wjerspegele al it ûngebrûklike kleurepalet fan de fauvisten en de ekspresjonisten. Guon binne fan miening dat syn wurk in foarrinner is fan it symboalisme. De keunst fan de ympresjonisten foldie Gauguin net omdat hy benammen it ûnsichtbere werjaan woe, de gefoelens efter it byld. Njonken oaljeferve skilderijen makke Gauguin ek in soad grafysk wurk, lykas houtfiken, wêrfan de wyldens en direktens him oanspruts.

Neidat er him yn earsten oansluten hie by de ympresjonisten, begûn Gauguin yn de perioade yn Bretanje in eigen styl te ûntwikkeljen. Hy skildere dêr froulju yn tradisjonele klaaiïng yn in tige ferstilde en konsintrearre styl dy't foaral de ienfâld fan it boerelibben liket wer te jaan. Syn eigen styl yn dy perioade tsjutte Gauguin oan mei it cloisonnisme, in wurd dat ferwiist nei de midsieuske technyk fan it selemalje, yn it Frânk cloissoné, wêrby't de flakjes emalje fan elkoar skieden wurde troch metalen rântsjes. Yn dy tiid, mar ek op de measte lettere skilderijen fan Gauguin, binne om sawat alle figueren donkere rânen te sjen. Yn de perioade yn Bretanje skildere Gauguin ek ferskate doeken mei religieuze foarstellingen, ûnder oaren 'Jakob en de ingel' út 1888. Dat skilderij lit in kombinaasje sjen fan biddende Bretonske froulju mei harren wite mûtsen en Jakob dy't fêsthâlden wurdt troch de ingel. It skilderij falt fierder op troch de blijreade eftergrûn.

Yn de tropen berikke Gauguin de top fan syn keunstnerskip, al blyke er ek in fjochtersbaas en rûzjemakker te wêzen. It opfallend brûken fan sprekkende kleuren, de yndringende blikken fan de Polynesyske froulju dy't graach foar him posearren en de heimsinnige titels fan syn wurk dogge de leafhawwers fan syn wurk deugd.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu