Persoanlike kompjûter
From Wikipedy
In persoanlike kompjûter, ôfkoart as pk, is in begrip foar in kompjûter yn it generaal, foar it yndifidueel útfieren fan in ferskaat saken, lykas administraasje, tekstferwurking, ynternet ferbining, programearjen, kompjûterspultsjes, en oare saken. Jin kinne in kompjûter foar it wurk, ûnderrjocht en hobby brûke.
Der binne ferskate kompjûter typen:
- Stasjonêre pk's kinne jin skifte yn:
- Kantoar-pk's (Ingels desktop PCs)
- Wurkstasjons (Ingels workstations)
- Memmekompjûter (Ingels server)
- Draachbere pk's (Ingels laptop PCs, notebooks, wearable computers)
- Bûs pk's (Ingels personal digital assistants eller PDAs)
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Der binne mei de tiid ferskate PK soarten kaam. De basis foar de hjoeddeistige PK, komt fan in ûntwikkeling fan de sântiger jierren ôf.
- De eartse kompjûter, dy't foar wurk en privee brûkt waard, wie de Xerox Alto fan it bedriuw Xerox PARC en waard produsearre yn 1973.
- It earste yndustriële type PK wie de Apple II fan it bedriuw Apple. Dizze PK waard op 5 juny 1977 yn de Feriene Steaten yntrodusearre. Dizze kompjûter hie de eigenskip dat der taheakke kaarten yn koene, foar tekstferwurking, spultsjes ensafuorthinne. It wie in kompjûter dy't feroare wurde koe ta de winsk fan de kunde. It wie de earste kompjûter mei kleuren en gelûd.
- Yn likernôch deselde tiid 1977, wie de earste persoanlike kompjûter, de Commodore PET 2001 en de Tandy TRS 80 Model 1, yntrodusearre. Wat prestaasjes oanbelanget kaam dizze kompjûter aardich oerien mei de Apple II. Mar hie lykwols gjin mooglikheid foar taheakke kaarten, gjin kleur werjefte en gjin gelûd.
- Nei it súkses fan de Apple II yn de lette sântiger jieren begûn ek IBM mei it ûntwikkeljen fan in eigen persoanlike kompjûter. Dizze hie in 8-bit ISA bussysteem, mei kleuren en gelûd. IBM hie syn earste PK fan in Intel-8088-Prosessor foarsjoen. Dizze PK waard lefere mei it bestjoeringsysteem fan IBM, PC-DOS, dy't doe troch microsoft foar IBM PK's ûntwikkele wie.
[bewurkje seksje] Hjoeddeistige Persoanlike Kompjûter
Njonken de taken tekstferwurkjen en tabellekalkulaasje wurdt it multymedia mêd hyltyd wichtiger. Hjoed wurde meastal bestjoeringssystemen fan merklieder Windows fan Microsoft meilevere. Der bestean alternative bestjoeringssystemen lykas Linuks.
Mei USB of sels triedleaze ferbinings lykas Wi-Fi of Bluetooth kin de kompjûter tsjintwurdich ek mei fotokamera's, mobile tillefoans ensafuorthinne kommunisearje.
[bewurkje seksje] Literatuer
- John Markoff: What the dormouse said. How the 60s Counterculture Shaped the Personal Computer Industry, New York, Viking 2005 ISBN 0670033820