Podgorytsa
From Wikipedy
Podgorytsa, ek wol Podgorica; Servysk: Подгорица, tusken 1946 en 1992 Titograd neamd, is de haadstêd en in gemeente fan Montenegro (Swartberch). De ynwennertelling yn 2003 kaam op 136.473 ynwenners, dat is 22 persint fan de totale Montenegrynske befolking.
Yn de stêd steane teaters, bibleteken en de Universiteit fan Montenegro. Sûnt 2005 stiet yn de stêd de Milenniumbrêge, boud oer de rivier de Moratsja.
[bewurkje seksje] Etnyske groepen
Neffens de folkstelling fan 2003 libje yn Podgorytsa de neikommende etnyske groepen:
- Montenegrinen (54,94%)
- Serven (25,08%)
- Albanezen (7,94%)
- Moslims (2,67%)
- Bosniakken (1,49%)
- Oare groepen lykas de Roma (elts ûnder de 1%).