Ropta
From Wikipedy
Ropta is in buorskip ûnder Mitselwier yn Dongeradiel. It leit tusken Mitselwier, Easternijtsjerk en Ljussens. Dat is de reden wêrom de moune hjir yn de 19e en 20e bêst draaie koe: Wyn út de earste hân, mar net fier fan de doarpen.
[bewurkje seksje] Ropta State
Mar Ropta is begûn mei Ropta-state, slot fan de Ropta's, dat der al wie yn 1297. De Ropta dy't it measte namme makke hat, wie Worp fan Ropta († 1302). Ocko Scharlenius hat syn skeel mei Jucke van Helbada wiidweidich beskreaun. Jucke Helbada hie de soan fan Worp om hals brocht. Doe't Worp letter Jucke ferbykaam by Hegebeintum hat hie him dêr delslein. Yn 1937 skreau A.M. Wijbenga It Soenhûs, dat dêr oer giet.
Yn de Saksentiid wie it in wichtige stins mei apart noch in buorkerij, Grut Ropta en Lyts Ropta. Doe wenne wêr in Worp fan Ropta op Ropta State. Hy waarde berne yn 1505, en wie letter grytman fan Dongeradiel (1542) , en alderman fan Dokkum (1550). Syn dochter Cunera (Cnier) wie troud mei Christoffel fan Sternsee in út Dútslân kommen ealman. Sy wennen net op Ropta State, want Christoffel wie aldeman fan Harns en ek grietman fan Barradiel. Harren soan Carel wenne mei syn frou Luts fan Kamminga op it Sjaerdema Slot yn Frjentsjer. Syn namme is noch bewarre blean yn de âlde namme fan it Sjûkelân wêr't de PC hâlden wurdt, nammentlik it Sternse Slotland. Hy stoar yn 1615. Syn erfgenamt waard Bocke fan Humalda. As betingst stelde Carl dat Bocke de namme fan Sternsee oannimme moast. Yn 1709 is ek dy famylje útstoarn.
Yn 1731 waard Grut Ropta ôfbrutsen. De sterke poarte bleau earst noch stean en waard yn 1769 ôfbrutsen. Doe ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea fermaard wie om syn sterkens.
[bewurkje seksje] De Mûne
Sa wie der yn 1836 romte en bou de Ropta-mûne. De earste hat der mar fjouwer jier stien. Doe't dy mei in stoarm delfallen wie is der yn 1840 in gruttere, swierdere mûne kaam. Dy hat fol yn bedriuw west oant en mei de Twadde Wrâldkriich. Nei de oarloch rûnen de saken tebek, en yn 1963 hat de gemeente East-Dongeradiel de mûne kocht.
[bewurkje seksje] Kweekbedriuw
Tsjinwûrdich is op it plak fan Ropta State it kweekbedriuw fan de HZPC te finen. It kweekbedriuw fan de Friesche Maatschappij van Landbouw kaam yn 1965 fanút Ingelum nei Mitselwier en waard op 22 juny troch Prinses Margriet iepene.
De mûne stiet noch wol midden op it terrein, de kassen en loadsen steane dêr omhinne boud.