Skoattersyl
From Wikipedy
Skoattersyl is in buorskip yn de gemeente Lemsterlân. By Skoatteruterdiken giet de Tuskenlinde oer yn de Tsjonger. Hjir wie earder in âlde útwetteringsslûs, dy't gjin funksje mear hie doe't de Slikenboargersyl stiften waard yn 1580.
Hartoch Albrecht fan Saksen hat hjir op 29 augustus 1396 fochten tsjin de Friezen ûnder oanfiering fan Juw Juwinga. Mear as tûzen Friezen sneuvelen, mar hartoch Albrecht luts him nei in pear dagen al werom.