Swette
From Wikipedy
De Swette of Snitser Trekfeart is de wetterferbining tusken Snits en Ljouwert. De Swette wie fan oarsprong in binnendyk yn de droechmakke Middelsee. Letter is by in part fan de dyk del in trekfeart groeven fan Ljouwert nei Snits dy ek de namme Swette krigen hat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De Swettedyk
De Swette is oanlein as binnendyk yn it midden fan it stik droechmakke MiddelSee tusken de Krinzer Earm by Raerd en de Skrédyk oan de súdkant fan It Bilt. De namme swette betsjut fan grins en wie de ferfanging fan de Middelsee as grins tusken Eastergoa en Westergoa. De Swettedyk wie tagelyk ek de wetterskieding tusken de beide goaen. De swettesleat dy't oan de westkant fan de dyk lei wie dan ek net om wetter ôf te fieren, dat barde troch sylen yn de âlde Middelseediken nei it âldlân ta.
[bewurkje seksje] De Swette as trekfeart
Yn it begjin fan de 16e ieu is de swettesleat súd fan de Harnzer Trekfeart tusken Skinkeskâns en de Dillesyl yn de Krinzer Earm ferbrede ta in feart. Wierskynlik is de feart krekt nei 1507/1508 doe't de feart fan Ljouwert nei Frjentsjer groeven is oanlein, om't hy dêr ek op oanslút.
Yn 1661 is de Swettedyk geskikt makke as trekwei en koe de feart brûkt wurde as trekfeart.
Troch de oanlis yndustryterrein de Skinkeskâns by Ljouwert slút de Swette net mear oan op de Harnzer Trekfeart. Op it yndustryterrein leit de Swettehaven, oan de oare kant fan it Van Harinxmakanaal begjint dan de Swette. De Swette folget it midden fan de earder Middelsee trochrint, foarby de Dillesyl tusken Boazum en Dearsum troch, oant de bocht by De Flearen ta. Hjir makket de feart in bocht nei it suden en rint dan troch de eardere Skerhim by Skearnegoutum del nei Snits wêr't de feart oanslút op de stedsgreften.
[bewurkje seksje] Ferskaat
De de start fan de lêste âlvestêdetochten hie syn beslach yn de Swettehaven, hjir moasten de riders ûnderbine. De Swette is ek it earste part fan de âlvestêderoute.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Binnendyken en slieperdiken yn Fryslân, K.A. Rienks en G.L. Walther, Ljouwert (2e druk 1984)