Tolhúster Alvestêdetocht
From Wikipedy
De Tolhúster Alvestêdetocht is in net-offisjele Alvestêdetocht dy’t op 28 febrewaris 1929 organisearre waard troch trije kafeehâlders út Ljouwert. De tocht is wûn troch Marten van der Kooij út Hylpen. Der is nea earder in Alvestêdetocht sa let yn it jier ferriden.
Op 12 febrewaris dêrfoar hie Karst Leemburg mei strange froast de echte Alvestêdetocht fan 1929 wûn.