Umberto di Bosso é Compadres
From Wikipedy
Umberto di Bosso é Compadres wie in Fryske garage-rock band. De groep bestie út Lammert Voos (gitaar en sang), Jan Folmer (basgitaar), Bertus de Blaauw (slachwurk), Robin van Velzen (eftergrûnsang en gitaar) en Robijn Niemeijer (fluit en saksofoan). Yn it iere begjin makke Peter Moed as gitarist ek diel fan de groep út.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It Begjin
De groep ûntstie yn 1984 as gelegenheidsformaasje, om op te treden yn it foarprogramma fan in konsert fan The Cure yn it Bolwurk fan Snits. It optreden wie sa'n sukses dat se it oan't desimber 1988 úthâlde soenen. Stipe troch de drummer fan de band Claw Boys Claw folgje der yn it neijier fan 1984 in tal optredens yn de Melkweg yn Amsterdam. Aloan komme der mear optredens los en in positive resinsje yn muzykkrante Oor fan Tom Engelshoven soarget foar in trochbrek. Voos spilet syn "rol" as de los-sleine Umberto di Bosso sa goed, mei net te foarsizzen gedrach en wylde útspraken, dat de parse him al gauweftich "de skaadkant fan Elvis Presley" neamt.
[bewurkje seksje] Earste LP
Yn 1985 wurdt gitarist Peter Moed, dy't him net mear thús fielde yn de band, opfolge troch Robin van Velzen. De ekperimentele van Velzen blykt in oanwinst. As se yn desimber fan dat jier yn it foarprogramma fan The Scientist spylje, lûke se de oandacht fan de Ljouwerter platebaas Wobbe van Seijen. Se hawwe noch opnames fan it earste optreden yn Amsterdam lizzen en dy wurde yn 1986 útbrocht ûnder de namme "Live at the Milkey Way". De plaat wurdt in ynternasjonaal sukses.
[bewurkje seksje] Umberto folwoeksen
Yn de simmer fan dat jier spilet Umberto di Bosso é Compadres yn de Prinsetún yn Ljouwert. Troch klachten út de stêd wurdt de muzykfergunning ynlutsen, wat nochal wat rûs yn de parse ta gefolch hie. De band is dan it stadium fan de garage-rock al passearre. De komposysjes binne foldroegen en de muzikanten binne proffesjoneel wurden. Mei as produsinten Joop van der Linden en Brian van Montfoort wurdt "The Burden" opnommen. De plaat wurdt goed ûntfongen mar is kommersjeel gjin sukses.
[bewurkje seksje] Mei de Spasmodique
Yn de jierren dêrop ûnstie in fruchtbere gearwurking mei de groep Spasmodique. Dy komme se foar it earst tsjin op de Noorderslag yn Grins. Yn 1987 sille se in kear as wat meielkoar optrede. It jier dêrop ferskynt de twadde plaat: "Overstepping the Bounds". Nei in suksesfol toernee mei de Spasmodique ûnder de namme "The Howlin'" wurdt it wat rêstiger: Voos is wurrich en der komt in ein oan syn relaasje mei Robijn Niemeijer dy't de band ferlit.
[bewurkje seksje] It Slotakkoard
Robijn Niemeijer kriget yn 1988 opfolgers yn de persoanen fan trompettist Sybolt Kamstra en in trombonist mei de bynamme Johan Skuufmongoal. Se wurde boekt foar it Sneekwave festival dêr't ek James Brown optrede sil. Dy rekket lykwols yn de finzenis en it hiele festival wurdt ôfblaasd. Nei noch in pear optredens yn de nije besetting, wurdt op 26 desimber fan dat jier yn it Bolwurk yn Snits in ôfskiedskonsert jûn. Ek Robijn is dêr wer fan de partij, lykas twa leden fan de Spasmodique.
Neffens kenners wie it lêste konsert it bêste út de skiednis fan Umberto di Bosso é Compadres.
[bewurkje seksje] Diskografy:
- 1985 Live at the Milky Way
- 1986 The Burden
- 1987 Overstepping The Bounds