Wetterhûn
From Wikipedy
|
|
|
|
|
|
Nammen | Wetterhûn |
Oarsprong | Nederlân |
Klassifikaasje | Rasgroep 8: Retrievers en Wetterhûnen, seksje Wetterhûnen |
Sjoch ek | Hûn - List fan hûnerassen |
De wetterhûn (oare namme: Fryske krolhier of otterhûn) waard in soad brûkt by de jacht op wetterwyld. It ras kaam foaral foar yn it Fryske marregebiet. It wie de hûn fan boeren en arbeiders, dy’t mei him te jeien gienen (murdejacht), maar him ek brûkten as hiemhûn. De bou is middelgrut, krêftich en kompakt.
Dizze hûn waard eartiids ek wol brûkt as lûkhûn: hy waard foar de karre spand om bygelyks molkbussen te lûken.
Mei útsûndering fan de kop en de poaten is it hiele lichem bedekt mei dikke krollen fan stevich, ticht hier. It hier is frij grou en fielt fetlik oan. De tekening komt yn twa farianten foar: swart-wyt en brún-wyt (bûnt).
[bewurkje seksje] Literatuer
- 2005:De wetterhûn, in eigensinnich fenomeen, Dooper, Wiebe M., ISBN 9080857327