Wier
From Wikipedy
Wier is in doarp yn de gemeente Menameradiel, oan de Hege Dyk yn de noardpunt fan de gemeente. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).
[bewurkje seksje] Skiednis
De easte ynwenners fan Wier wiene boeren en fiskers. Fia de Wierster Syl en Balksyl koene de fiskers makkelik op de Middelsee komme. Omkring it jier 1000 waarden der dyken oanlein tusken Ljouwert en Wier, fia Bitgum en Berltsum. (Wier lei dus efter Berltsum.)
Yn de twadde helte 12 ieu waard de houten tsjerke ferfongen troch in tsjerke fan stien. Schelte Lauta liet yn 1192 in stins bouwe; Lauta Stins. Yn 1634 waard der in nije stins bouwt, dy't yn [[1]748]] ôfbaarnd is. No ferwiist de namme Lautawei noch nei it plak der't de stins stien hat.