Woastyn
From Wikipedy
In woastyn is in gebiet mei in droech klimaat en sûnder folle plantegroei.
[bewurkje seksje] Temperatuer
In woastyn hat oer de rin fan in etmel in grutte temperatuerskommeling om't der gjin focht is dat de waarmte deis opnimme kin en nachts ôfjaan, en ek suver gjin plantegroei dy't deis it sinneljocht opnimme kin foar waakst. In woastyn hoecht lykwols net yn in waarm gebiet te lizzen; ek yn poalgebieten binne woastynen.
[bewurkje seksje] Libben
Wylst der gjin permaninte plantegroei is, mei al it libben dat dêr yn foarkomt, binne der meast al foarmen fan libben yn in woastyn. Der binne dieren dy't har fral oerdeis ferskûlje sadat se net te folle focht kwytreitsje. En der binne ek planten, dy't as sieden yn de grûn ferhoalen lizze, en by delfal ynienen útkomme, opbloeie en fruchtdrage.
[bewurkje seksje] Bekende woastinen
- Sahara
- Gobi
- Kalahari