Ynformatika
From Wikipedy
Yn de meast generale sin is ynformatika de stúdzje fan kompjûterisaasje en ynformaasjeferwurking, sawol oangeande de apparatuer (hardware) as de programmatuer (software). Yn de praktyk omfiemet ynformatika in grutte fariaasje oan stúdzjefjilden ferbân hâldend mei kompjûters.
- Ynformatika giet like folle oer kompjûters as astronomy oer teleskopen
- - Edsger Dijkstra
De ynformatica bestudearret wat programma's wol en net kinne, keunstmjittige yntelliginsje, hoe't programma's it effisjintste in spesifike taak útfiere kinne, hoe't programma's ynformaasje opslaan en wer ophelje en hoe't programma's har mei brûkers en oare programma's ûnderhâlde (brûkers ynteraksje en programmeartalen).
De earste universiteit mei in fakulteit Ynformatika wie yn 1962 de Purdue University.