Aldskou
From Wikipedy
Aldskou is in buorskip yn de himrik fan Akkrum, yn de gemeente Boarnsterhim, likernôch healwei tusken Akkrum en Jirnsum.
It plak dêr't no Aldskou leit hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De Griene Dyk, de Alde Wjittering en it Prinses Margrietkanaal joegen yn de rin fan'e tiid tagong ta Snits en it súdwesten fan Fryslân, de Boarn en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de Wâlden, en ek de Boarn en letter it Prinses Margrietkanaal joegen tagong ta Ljouwert en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en Jirnsum hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
Sûnt op syn minst de 17e ieu hat hjir in fearhûs en postiljonthûs west. Oant en mei 1839 hie Ljouwert hjir in fear en in fearhûs, om't hjir de wei nei Oerisel oer de Wjittering hinne moast, mar sûnt 1840 leit hjir in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, wat er west hat oant en mei de Twadde Wrâldkriich.
Om't hjir it Prinses Margrietkanaal de Boarn krúst is it hieltyd noch in drok punt op it wetter, en is der noch altiten in útspanning.