Fryslân
From Wikipedy
Dizze side giet oer (Westerlauwersk) Fryslân, dat as provinsje fan Nederlân bestjoerd wurdt. Sjoch Fryslân (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Fryslân.
|
(Westerlauwersk) Fryslân is in provinsje fan Nederlân. Hy hat 642.977 ynwenners (1 jannewaris 2005) en in oerflak fan 6198,64 km2, wêrfan 2849,38 km2 wetter is. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, wêrfan fiif waadeilannen goed de helte foarmje. De provinsje hat âlve stêden en ien-en-tritich gemeenten. De provinsje is in part fan it Frysk wengebiet.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Taal
Fryslân hat twa offisjele fiertalen, it Frysk en it Nederlânsk. Fierders wurdt op it Amelân Amelânsk praat, op it Bilt Biltsk (Bildts), yn de Stellingwerven Stellingwerfsk en yn eastlik Kollumerlân Pompstersk. Yn histoaryske hannelsgebieten wurdt noch Stedsk praat, fan oarsprong in 16e-ieusk Hollânsk dialekt mei grutte Fryske ynfloeden.
[bewurkje seksje] Skiednis
De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Op 'e ein fan de partijtiid kaam it gebiet ûnder Saksysk gesach, mar dy ferkoften it gebiet oan de Boergondjers. By de Uny fan Utert waard it ien fan de Sân Feriene Nederlannen (de 'Republyk') wurden. Yn de Frânske tiid waard it in part fan de ienheidssteat it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid gong it op yn it Keninkryk fan 'e Nederlannen, ek wer in ienheidssteat dêr't Fryslân amper mear selsstannichheid hie.
[bewurkje seksje] Omskriuwing
De provinsje Fryslân is foar in grut part agrarysk. Ek it wettersporttoerisme nimt in wichtich plak yn. Behalven om 'e Fryske kij en it skûtsjesilen is de provinsje ferneamd om syn taal, syn reedriders, it keatsen en it karakter fan syn ynwenners.
[bewurkje seksje] Talen
Yn Fryslân wurde de neikommende talen en dialekten praat:
- Frysk:
- Nederlânsk
- Hollânske dialekten:
- Nederdútske dialekten: