Bernlef (bard)
From Wikipedy
Bernlef wie in bard dy't sa om en de by 785 nei Kristus libbe.
[bewurkje seksje] Liudger
Bernlef wie blyn wurden, mar kaam Liudger tsjin. Dizze preker hat him doe ûnder in kuierke fan Helwert nei Warffum, yn Grinslân, boete dwaan litten en doe koe Bernlef wer sjen. Bernlef waard doe ek kristen.
[bewurkje seksje] Wurk
Bernlef song as bard fan de dieden fan 'e foarfaars en de oarloggen fan de keningen, lykas yn it Finnburg Fragmint of út Beowulf. Fan syn dichtwurk is neat bewarre bleaun, al is it Aldsaksyske evangelyharmoanje Heliand miskien fan syn hân.
[bewurkje seksje] Namme
Syn namme wurdt brûkt as pseudonym troch de skriuwer Hendrik Jan Marsman, en de studinteferiening F.F.J. Bernlef te Grins is nei him ferneamd.