Easterlittens
From Wikipedy
Easterlittens (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, mei likernôch 435 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrúne wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e ieu de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn 1275, mei de namme Lechenghe. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltiid noch besteand buorskippen Langwert, Wieuwens, Wammert en Skrins ûntstean. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Easterlittens part fan de eardere gemeente Baarderadiel.
[bewurkje seksje] Topografy
Easterlittens leit oan de Frjentsjerter Feart krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de Boalserter Feart. Krekt eastlik fan it doarp rint de N384, dy' nei it noardwesten nei Frjentsjer giet, en nei it súdeasten nei Dearsum.
Ta de himrik fan Easterlittens hearre ek de earder neamde fjouwer buorskippen en it buorskip Weakens.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Op it doarpsplein fan Easterlittens leit in Pelotebaan. Yn it doarp wurdt alle jierren it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote hâlden.
- It doarp is ek bekend troch it teltsje It pealtsje fan Easterlittens.