Littenseradiel
From Wikipedy
Gemeente Littenseradiel | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | J. Liemburg |
Haadplak | Wommels |
Gebiet - wetter |
132,60 km² - 1,86 km² |
Ynwenners | 10.859 |
Ferkearsieren | N359 |
Netnûmer | 0515, 0517, 058 |
Postkoades | 8631 - 9029 |
Offisjele webstee | www.littenseradiel.nl |
Littenseradiel (offisjeel Frysk) is in gemeente yn it sintrum fan Fryslân, mei 10.859 ynwenners (1 jannewaris 2004), en mei in oerflak fan 132,60 km2.
De gemeente is foarme yn 1984 út de eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel.
It haadplak is Wommels, en de oare plakken yn de gemeente binne: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Easterwierrum, Hidaard, Hilaard, Hinnaard, Húns, Iens, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Leons, Lytsewierrum, Mantgum, Reahûs, Rien, Spannum, Waaksens, Weidum, Winsum, Wiuwert en Wjelsryp.
Njonken dizze kearnen binne der yn de gemeente noch de folgjende buorskippen:
De gemeente brûkt Fryske plaknammen.
[bewurkje seksje] Lânskip
Yn Littenseradiel bepaald troch de iepen greide mei rûnom doarpkes en buorskippen, dy't har meast ûntjûn hawwe oan de iggen fan de eardere Middelsee, dy't it lânskip yn earder tiden foarme hat. De âlde opfearten nei de Swette binne foar in part noch yntakt en hjir en dêr binne de âlde Middelseediken noch goed werkenber.