Hoekens
From Wikipedy
Hoekens is in buorskip yn it suden fan de gemeente Littenseradiel (53° 04' N, 5° 37' E). It leit benoarden de Slachtedyk tusken Reahûs en De Kliuw, oan de Sânleansterdyk en Doniadyk. In opfeart rint nei de Hinnaarder Feart.
Hoekens leit binne de dyken fan it Eilân fan Easterein en wie dêrfan part fan it Wynser fjirdel. It bestie út twa staten, súdeastlik Grut Hoekens en noardwestlik Lyts Hoekens. Oant de gemeentelike weryndieling fan 1984 wie it part fan Hinnaarderadiel.