Ingelân
From Wikipedy
Ingelân is it súdlikste en grutste part fan Grut-Brittanje. Oant de stifting fan it Feriene Keninkryk yn 1707 wie Ingelân in selstannich keninkryk. Ynternasjonaal wurdt Ingelân net mear as in apart lân beskôge, útsein by in pear sporten dy't yn Ingelân úntstean binne, lykas fuotbal en rugby.
De namme "Ingelân" wurdt ek in soad brûkt foar hiel Grut-Brittanje. Dit is krekt deselde flater as "Hollân" te brûken foar hiel Nederlân.