Sport
From Wikipedy
In sport is in fysyk spul of tinkspul, dêr't neffens in reglemint wedstriden yn spile wurde foar in kampioenskip. Dat wol net sizze dat der allinnich soksoarte wedstriden spile wurde, mar mear dat der njonken de regels fan it spul, ek de regels binne foar it organisearjen fan wedstriden.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Sport is al bekind út de klassike âldheid. Yn it bysûnder wit men dat ferskate steaten doe spullen organisearren. De ferneamdste fan dy spullen wienen de Olympyske Spullen. Yn de moderne tiid krige de ynternasjonale sport mei it opkommen fan de naasjes in grutte ympuls, wat úteinlik laat hat ta de hjoeddeiske opset mei lânskampioenskippen en wrâldkampioenskippen.
[bewurkje seksje] Typysk Fryske sporten
[bewurkje seksje] Kategoryen
Sporten kinne nei kenmerkende hanneling yn kategoryen opdield wurde. Hjir in yndieling yn kategoryen, mei foar eltse kategory wat foarbylden:
[bewurkje seksje] Fjochtsporten
Sporten dêr't op in formele wize by fochten wurdt:
- Boksen
- Judo
- Karate
- Skermjen
- Wrakseljen
[bewurkje seksje] Doelsporten
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstander te spyljen:
[bewurkje seksje] Slachsporten
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal sa werom te spyljen dat de tsjinstander in fout makket:
- Follybal
- Honkbal
- Keatsen
- Krikket
- Muorrekeatsen
- Skwash
- Softbal
- Tennis
- Tafeltennis
[bewurkje seksje] Handigenssporten
Sporten dêr't in doel rekke of helle wurde moat. In kenmerk fan dizze sporten is dat der gjin trochgeande ynteraksje is:
- Bôgesjitten
- Bowling
- Darts
- Golf
- Kloatsjitten
- Kurling
[bewurkje seksje] Doersporten
By dizze sporten giet it meast om it ôflizzen fan in ôfstân yn sa min mooglik tiid. It komt lykwols ek foar dat der in sa grut mooglike ôfstân yn in beskate tiid ôflein wurde moat.
- Hurdfytserij
- Hurdrinnen
- Hurdwanneljen
- Reedriden
- Skyen
- Swimmen
[bewurkje seksje] Machtsporten
Sporten dêr't op ien stuit gâns de prestaasje levere wurde moat:
- Diskussmiten
- Fierljeppen
- Gewichtheffen
- Heechspringen
- Pealsmiten
- Spearsmiten
[bewurkje seksje] Behearskingssporten
Alhoewel't dizze sporten faak besibbe binne mei de doersporten is hjir de útfiering it doel:
- Keunstdûken
- Sierriden
- Syngroanswimmen
- Skânsspringen
- Turnjen
[bewurkje seksje] Stjoersporten
Dizze sporten binne dwaande mei it behearskjen fan it ûnbehearskbere: in auto, in boat, in hynder. It doel kin de faasje wêze, mar ek de graasje:
- Autosport
- Hynstesport
- Loftsport
- Motorsport
- Roeien
- Silen
[bewurkje seksje] Tinksporten
Dit binne sporten dy't meast op geastlike feardigens oankommme:
- Bridge
- Poalsk Damjen
- Frysk Damjen
- Go
- Skaken
[bewurkje seksje] Kombinaasjesporten
Der binne ek sporten dy't opset binne as kombinaasje fan twa of mear oare sporten:
- Biatlon
- Fiifkamp
- Sânkamp
- Triatlon
- Tsienkamp
[bewurkje seksje] Oare yndielings
Njonken nei type hanneling wurde sporten ek op oare wizen yndield:
- Atletyk
- Balsporten
- Wettersporten
- Wintersporten
[bewurkje seksje] Sportwrâld
De sportwrâld is almeast organisearre yn sportferienings, lannelike sportferienings en wrâldsportassosjaasjes. In bysûnder plak wurdt ynnaam troch de organisaasjes fan sporteveneminten, lykas de Olympyske spullen.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- De kategory Sporten.