Manati
From Wikipedy
Manati | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
'Trichechus manatus' |
De Manati (Trichechus manatus) is ien fan de trije soarten út it skaai fan de Lamantinen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wengebiet
De Manati libbet yn ûndjip wetter oan de kusten fan de Kariben. Om't er graach wat omdoarmje mei wurdt er ek wol op rivieren fûn wurdt; yn Súd-Amearika is in Manati in kear 800 km fan de kust it lân yn fûn. Mar oarsom is der ek wolris ien 15 km fan de kust yn iepen see oantroffen. De dieren gean ek wol de Atlantyske kust lâns nei it noarden.
[bewurkje seksje] Iten
De Manati yt it meast wetterplanten sa as Ielgers. Alle dagen yt in Manati likernôch in fearnsdiel fan syn gewicht. Grutte folwoeksen eksimplaren kinne hast sa'n 100 kg deis ite.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Manati is in solitêr bist. Allinnich tusken de ko en harren keal is in bân. In Manati-ko hat draachtiid fan 12 moannen. Sy krijt dan ien keal dat 2 jier troch har fersoarge wurdt. Nei sa'n 3-4 jier binne de wyfkes geslachtsryp, de mantsjes efkes letter. In Manati kin oer de 50 jier âld wurde.
[bewurkje seksje] Bedrigings
Sûnt de 16e ieu wurdt op de Manati jage foar oalje en fleis. Hjoed de dei is de Manati oeral beskerme mar rint er hieltyd noch yn tal werom. Hoewol de Manati gjin natuerlike fijânen hat, wurdt in part fan syn libbensgebiet troch de minsken ynnommen. Ek wurde in grut tal dieren troch propellers fan bûtenboardmotoaren ferwûne en komme Manatis by it gerskjen yn fiskark (heaken en netten ensf.) telâne.
[bewurkje seksje] Floridamanati
Wylst it grutste part fan de Manatis no oan de noardeastekust fan Súd-Amearika libbet, is der ek in popúlaasje fan likernôch 3.000 Manatis dy't oan de kust fan Florida libje. Dizze populaasje wurdt meast sjoen as in ûndersoarte, de Floridamanati (Trichechus manatus latirostris), njonken de Karibyske Manati (Trichechus manatus manatus). Troch de maatregels foar it behâld dy't de FSA naam hawwe, is der in stadige waakst by dizze populaasje.
[bewurkje seksje] Chessie
[bewurkje seksje] Reizen
Yn 1994 waard in Manati fûn dy't de Chesapeake Baai ynswommen wie. Doe't it yn oktober dêr te kâld waard, waard "Chessie" fongen en troch de kustwacht werombrocht nei Florida. Om't er ek in stjoerder meikrige, koe it mantsje presys folge wurde doe't er yn 1995 wêr nei it noarden gong. Dat jier gong er fan de Chesapeake Baai fierder oant Rhode-Island yn it Noardeasten fan de Feriene Steaten ear't er mei it kâlder wurden wer nei it súden gong. Om't er yn 1996 de stjoerder ferlern hie koe syn tocht dat jier net presys folge wurde. Hy waard lykwols op de weromreis sjoen yn Portsmouth, Virginia, dat hy moat ek dat jier yn de Chesapeake Baai west hawwe. Yn 2001 kaam er wer yn it nijs doe't er wer nei Virginia kaam wie en sjoen waard doe't er troch de Great Bridge slûs gong.
[bewurkje seksje] Migraasje
Ut fierder ûndersyk docht bliken dat it mear bart dat manatis alle jierren migrearje tusken in wintergebiet en in simmergebiet. Der is in teory dat dit earder it gewoane gedrach fan de dieren west hat. Dat koe dan ek de ferklearing wêze fan de ferhalen oer in seemeunster "Chessie" yn de Chesapeak Baai, dêr't de reisgrage manati nei neamd wie.