Lamantinen
From Wikipedy
De Lamantinen (Trichechus) is skaai fan grutte wettersûchdieren út de famylje fan de Lamantyndieren (Trichechidae ) yn it skift fan de seekij.
It ferskil mei oare seekij is dat Lamantinen mar seis halswringen hawwe, en ôfrûne sturten. Lamantinen binne herbivoaren, dy't libje oan kusten mei ûndjip wetter dêr't se meast dwaande binne mei gêrskjen.
Der binne trije soarten fan lamantinen:
- De Manati (Trichechus manatus), dy't libbet fan it súdeasten fan Noard-Amearika oant it noardeasten fan Súd-Amearika.
- De Afrikaanske Lamantyn (Trichechus senegalensis), dy't libbet oan de westkust fan Afrika.
- De Amasonelamantyn (Trichechus inunguis), dy't gjin neilen hat, en libbet oan de eastkust fan Súd-Amearika.
De Floridamanati wurdt meast sjoen as in ûndersoarte fan de Manati.