Midslânsk
From Wikipedy
|
It Midslânsk is it Hollânske dialekt fan it middenpart fan it waadeilân Skylge. It Midslânsk is nau besibbe oan it Amelânsk. Mei it Skylgersk en it Aastersk, de beide Fryske dialekten op Skylge hat it folle minder sibskip.
[bewurkje seksje] Sprekkers
It Midslânsk wurdt sprutsen troch likernôch 600 almeast âldere minsken yn 'e doarpen Midslân, Formearum, Hoarne, Baaidunen, Landerum en omkriten. Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf.
[bewurkje seksje] Skiednis
Lange tiid is oannommen dat Skylge fan oarsprong in Hollânsktalich eilân wie en dat de Frysktalige úteinen fan it eilân frij jonge koloanjes wienen, fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wienen. Mar tsjintwurdich leaut men dat de hjoeddeiske taalsitewaasje op Skylge feroarsake is troch in ieuwenlange oerhearsking troch Hollân fan in oarspronklik hielendal Frysktalich eilân. Dêrby wie Midslân nammentlik it bestjoerssintrum en sadwaande soe de befolking dêre stadichoan ferhollânske wêze. Hjir moat by opmurken wurde, dat Skylge pas yn 1942 in ûnderdiel fan 'e provinsje Fryslân wurden is; foartiid hat it ieuwen ta Hollân heard.
[bewurkje seksje] Midslânsk en Stedsk
It Midslânsk en it der nau oan besibbe Amelânsk waarden yn it ferline faak sjoen as dialekten fan it Stedsk, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat it Midslânsk frij sterk fan it Stedsk ôfwykt. Sa komme typysk Stedske foarmen, lykas "burst" ("boarst"), "sú" ("soe"), "must" ("moast") en "durst" ("doarst") yn it Midslânsk net foar.